maandag 27 april 2015

Topdei

Wat rûn it ús tin troch de broek, de ôfrûne dagen. 'Druilerig en koud', wie ien fan de foarsizzings foar hjoed. Gelokkich koe Piet it tij keare: sneon makke hy der al fan dat it fannemoarn lykwols wat reinerich wêze soe en ek wat wynderich, mar fannemiddei soe it opknappe. 'Blikstiender', tochten wy fan Brassband Looft den Heer. 'Dêr giet ús omset'. Want it wie hjoed rommelmerk. Fannemoarn earst yn optocht mei de bern op fersierde fytskes, skelters en skeelers troch de trije doarpen en fannemiddei nei de loads. In jier lang hat Libbe sa links en rjochts huzen leechhelle en alle brûkbere guod stie útstald yn 'e loads fan Tsjisse. Foar de lêste kear. Der wie foar fermogen Janburgers en bier ynslein foar it terras. Mar fergemy, dy waarfoarsizzings.
Gelokkich hienen wy it gelok wer oan 'e kont hingjen. De hiele dei hat de sinne foar master opslein en it terras waard, mei de loads as wynbrekker, in absolute toplokaasje. De ekstra truien en festen koenen út, it wie suver smout.
Koartsein: wy ha wer in topdei hant. Benijd wêr 't wy takom jier sitte...

Geen opmerkingen:

Een reactie posten