maandag 21 september 2015

Gemeente hoe?

Der moat hjir yn ús hoeke in nije namme komme foar in nij te foarmjen gemeente. Dat wisten jim fansels al. Trije-en-in-heale âlde gemeente wurde mei elkoar ien prachtige, effisjinte, boargerfreonlike klute grûn. Frjentsjerteradiel, mei de metropoal Frjentsjer. Menameradiel, It Bildt en, hoe logysk, oan 'e oare kant fan 'e grutte dyk, dêr 't jo omtrint net mear komme kinne hjirwei, noch in hoekje Littenseradiel. Hawar, dêr is genôch oer seurd wurden.
No binne der in tal grutte tinkers oer gear west om in nije namme te betinken. Peinzeradiel, sa 't Bertus Postma sei, koe it net wurde fansels, dêr is net iens searieus nei sjoen.
Trije nammen rûgelen der út de koker fan de hearen. Waadhoeke, Nij-Westergo en Franeker. Se ha der in moaie slompe jild mei hinne gean litten. Der ha al ytlike lju wat sein fan dy nammen. Taalkundige floppen binne it. Histoaryske miskleunen. Geografyske misslaggen.
No ha alle ynwenners fan de trije-en-heale gemeente in kaartsje troch de doar krigen om de foarkar foar ien fan dy trije oan te jaan. De FNP gong noch in stap fierder: by de Agraryske Dagen yn Frjentsjer ha se de lju mar ris persoanlik hifke. De útslach wie sa helder as glês: Waadhoeke wie de grutte winner.
Waadhoeke? Finaal belachelike namme, mei allinnich it Bildt dat wat mei it waad te krijen hat. Ik bedoel: Frjentsjer? Kwalik. Menaam? Ek net. Littenseradiel? Al hielendal net. Waadhoeke soe passe by Ferwerderadiel en Dongeradiel en Harns. Nij Westergo is gjin fleis en gjin fisk. En histoarysk sjoen ek net alte alte. Franeker? Unsin fansels, dat kin net en al hielendál net yn it Hollânsk.
Barradiel hie werom kinnen. Nij Barradiel by need. Mar dan gripe je werom op eat dat west hat. Boppedat ha Menameradiel en Littenseradiel dêr neat mei. Sykje dan wat dat de fjouwer gemeenten bynt. Klaai. Mar dat heart hast noch stiver as dat it folk hjir oer it generaal is. Dêr komt by, de klaai hjir is fruchtber en dat ferwachtsje ik eins net fan it nije fúzjemeunster.
Wat bynt se mear? Keatsen. Och hea. Dat ik dêr net oan tocht ha. Gemeente De Stuit. Past ek alhiel by it tal opslachmissers dat ik ferwachtsje. Boppedat kinne alle trije talen dêr har gerak mei krije. Hienen se my no drékt mar frege....

Geen opmerkingen:

Een reactie posten