zaterdag 7 mei 2016

Trije ferburgen húskes

Hjoed wie ik yn it âlde doarp. Der wie in keunstrûte yn 'e buorren en bûtenút. 'Kunst achter de dijken', sizze se der hjoeddedei. En dan moat ik noch bliid wêze dat it Nederlânsk is en gjin Ingelsk, sa as oars rûnom moade is. In soarte fan Kultureel Haaddoarp 2016, mar dan sa as it eins wol bedoeld is. Mei pleatslike keunstners, en dy binne der yn Penjum in hiel soad, dy 't prachtige dingen meitsje. Moaie foto's en skilderijen, bylden, sieraden, films, teatrale projekten, muzyk... En dan net fan it kaliber 'huisnijverheid', mar écht keunst. It wie dan ek smoardrok op it doarp. Net in soad minsken troffen dy 't it Frysk machtich wienen, blykber lûkt keunst gjin Fryske Friezen. It wie dus in hiele aardichheid, dêr yn Penjum. En dochs...it âlde pakje klean dat my altyd sa noflik siet is wei wurden en it nije sit my net goed. It âlde thús makke my wat mankelyk. De bûtenkant is noch as fanâlds. Ik ken se noch, de hoekjes en gatsjes dêr 't wy fersideplakje boarten. De boskjes, grut en spannend yn myn berne-eagen, lyts en suterich. De steechjes in stik minder breed, de tsjerke noch kealer as yn myn ûnthâld. Sa fielde it âlde doarp fannemiddei: in te rom sittend pak mei glimmerkes, mar te deun om de lea te fersoargjen. It fel ronfelich, de bonken fermôge. De âlde yngewanden ferfongen troch transplantaten. Fremdkörper yn in fertroude wrâld. Wat wie ik bliid dat ik de famkes in trijetal húskes sjen litte koe dy 't allinnich fûn wurde wolle troch harren dy 't har it doarp eigen makke ha. Dêr 't de measten it bestean net fan witte, ek al wenje se noch sa lang yn Penjum. Dat ik myn jongste nei it húske gean liet yn it skûltsjerkje, wylst de minsken dy 't der wienen gjin idee hienen fan it bestean derfan. Dochs noch wat dat noch in bytsje fan mysels wie. Och, je bliuwe Penjumer...

Geen opmerkingen:

Een reactie posten