zaterdag 6 februari 2016

De baas yn 'e hûs

Justerjûn in tige nijsgjirrige jûn hân by de Kristlike Fryske Krite 'Karel Roarda' yn Bitgum. Yn 'Ons Huis' om krekt te wêzen. By sutelders wol bekend. Feitlik stiet dat gebou yn Bitgummerútbuorren, mar dêr wol ik it net oer ha. Sy hoege dêr op 't lêst ek net alles. De skriuwer Willem Schoorstra wie dêr, dat soks lit ik my net ûntkomme. Hy hâlde in lêzing oer syn skriuwerij. Doe 't ik der ynkaam earst efkes nodzje fansels. Immen út it omsittend laach frege my krekt wat letter oft ik 'dy Schoorstra' koe. Ik sei "nee, mar it wie hjir de ienige dy 't noch in bytsje by myn leeftyd past, dat ik tocht 'tapakke, blinder". Ligerij fansels, dat hie de man ek wol yn 'e rekken. It foldie ús mar knap. Willem fertelde fan hoe 't syn leafde foar de skreaune taal oanwakkere wie troch in skatkiste mei boeken ûnder in lyts souderrútsje. Ek dat it by skriuwen fan oanhâlden komme moat. Trochsette. Dei yn dei út derfoar sitten gean, al silst ek mar in pear rigels op papier sette. En je net ferkatse litte. Immen frege him ferheard hoe 't it dan moast at de frou te boadskipjen woe, of it iten ree hie. 'Dat giet oer, dan is de skriuwer baas'. Guon froulju hienen it hier suver wat yn 'e boarstel, al seinen se neat. De manlju hienen in bêste jûn. Ik tink dat der yn Bitgum gau in stik as tsien-fyftjin debútromans skreaun wurde skylk.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten