Hjoed in dei fan nasjonale rou, is juster besletten. Ik meitsje my der grif net populêr mei, mar om my hie it net hoechd. Symboalpolityk, neame se soks tsjintwurdich.
Dat wol net sizze dat ik net meilibje mei de neibesteanden fan de slachtoffers. Dat doch ik wol, mar op skaal, want ik ken net ien fan de slachtoffers. Ik ken ek net ien fan de neibesteanden, dus fyn ik it dreech om dêr om te rouwen.
As ik hjoed rouwe soe, om wat ferline wike barde, dan soe dat wêze om de sitewaasje yn it meast eastlike part fan Europa. Om it domme feit dat Poetin sa benaud is dat de Oekraïne by de EU komt, dat er se ûnder de kwint hâldt troch saneamde 'pro-Russyske rebellen' wat te stypjen mei oarlochsark. Dat is fansels net sa, dat tinke wy mar, want Poetin seit dat it net sa is. Poetin wit wol better, mar de wiere gong fan saken komme wy net efter.
As ik hjoed rouwe soe, om wat ferline wike barde, dan soe dat wêze om de sitewaasje yn de Gaza-strook. Dêr moardzje folken elkoar út, omt se it net iens wurde kinne oer in hoekje grûn. De iene wol der graach wenje, der is har ea in eigen steat tasein, it oare folk mient dat er 'útsocht is troch God' en dus it rjocht hat om yn de namme fan dyselde God it oare folk dea te dwaan. Dat dat no net drekt sa 'Godlik' is, dat sljochtsje se foar it gemak mar efkes oer.
As ik hjoed rouwe soe om wat ferline wike barde, dan soe dat wêze om de sitewaasje yn Syrië wêr 't minsken elkoar ûnder it mom fan 'Jihad' de dea ynjeie. Om de folksstammen yn Nigeria dy 't ferkrêfte en útmoarde wurde troch Boko Haram. Om de lytse berntsjes yn earme lannen dy 't óf wurkje moatte yn in fabryk, óf as slaaf ferkocht wurde, óf beide. Dy 't misbrûkt wurde troch grutte mannen dy 't har lul net baas kinne en har ferstân noch folle minder. Om flechtlingen oer de hiele wrâld, dy 't alles efterlitte moasten om 't se gjin feilicht thús hawwe.
Om soks soe ik in flage healstôk ha wolle. En dat it sa útsprutsen is en sa bedoeld.
Net omdat Rutte ûnder druk fan soasjale media en grutte bekken wêr dan ek mar wei úteinlik beslút dat it mar heve moat. In wike letter.