Wat is 't wat net. Samar ús Fryske iismasters sûnder wurk, as it treft. Gjin treinen fol dampende, hossende, sûpende, healwiizjende idioaten yn nuvere klean, dy 't útladen wurde op it stasjon fan It Fean. Kafé It Houtsje kin wol opdoekelje. Dy hiele iisbaan kin wol opdoekelje. Want se ha ús ferkatst. Dat wisten wy wol fansels. Dat seagen wy wol oankommen. Wy, ja. Sy net. Sy fan 'e provinsje hiene neat yn 'e rekken. Sân jier lang steggelje oer hoe 't it no moast, mei dat Thialf. Dat koe ek, want der wie ommers gjin konkurrinsje. Wat soene jo no wekker lizze fan in Jaap Eden Baan. Of fan Kardinge. Of De Smelt. Ei, wolnee. Dat wie foar de rekreanten, dat se ris in rûntsje ride koene. En ris foar in lyts wedstrydsje, sa oan it begjin fan it seisoen. Mar net foar toppers. Toppers komme ommers yn Thialf? Noch wol ja. Mar dat duorret net lang mear.
Want de provinsje woe der gjin sinten yn stekke. Wol wakker roppe en raze dat se stienryk binne mei har Nuon-jilden, mar der boppe op sitten, mei it gat. Nee, dan leaver in fermogen stekke yn in ienmalich projekt as de Kulturele Haadstêd. Mar ús nasjonale iistempel yn in nij jaske stekke, dat de kommende tweintich jier de konkurrinsje yn 'e rest fan 'e wrâld wer oan kin? Nee, dêr moat oer stind wurde. En prakkesseard. En rekkene. En wer stind. Mar út 'e rie komme, ho mar.
Sportstêd Hearrenfean. Mar nee, blikstiender, gjin nij Thialf. Teminsten, net te bot. In bytsje ferklosse.
Dat Doekele Sjerpstra al in kear mannich oanjûn hie dat hy frijwat Rânestêd-minded wie, och, wat soe dat. Dat wie mar roppen en razen. Dy lju koene dêr no wol mei sinten swaaie en roppe dat se in knûpert fan in iishal delsette soene, mar dat waard ommers neat. Iismasters ha se dêr yn dy hoeken ek net.
Yn Flevolân miene se dat se mei Flev'on Ice al hiel wat mânsk binne.
Mar ús Doekele seach der ljocht yn. De Fariseeër. It sil ek gjin Wytmarsumer wêze. Elts dy 't fan Penjum komt, wit wat soks betsjut.
Ja, it is fansels noch mar in advys hin. Thialf en Swietemar kinne noch yn berop gean. Ja, en noch in sekfol miljoenen der tsjinoan smite. Stel dat Konst no seit, en dat kin sa mar, want syn baantsje stiet faai nei dizze miskleun, 'minsken, wy smite der nochris 50 miljoen ekstra tsjinoan'. Dan wurdt Thialf it bêste, modernste, snelste wat der op iishalgebiet te krijen is. Yn leechlân dan. Dan wurdt it grif ek de meast ûnrendabele, mar dat makket no efkes net út, mar dan soe Doekele him faaks noch wol betinke kinne. Dan slacht er himsels op it boarst. 'Ik ha it riden foar Fryslân behâlden'. Jawis.
Yn Almeare giet de polonêze rûn. Frou Jorritsma foarop. It persoaniel fan it boubedriuw der efteroan. Doekele sjongt fan "weg met de malaise, want het is nu tijd voor de....". Dat ha se mar moai oprêden mei syn allen. Lit dy Friezen mar grine. It is in ferlerne provinsje. Skoallen fuort, oandielen fuort, lânskip fuort, taal fuort, provinsje sels fuort. Wol de lêste Fries it ljocht út dwaan?
Posts tonen met het label Thialf. Alle posts tonen
Posts tonen met het label Thialf. Alle posts tonen
woensdag 22 mei 2013
dinsdag 12 februari 2013
Oer ien nacht iis...
Bin benijd hoe 't it fierder giet mei de eventuele bou fan in 400 meter-iisbaan yn Ljouwert. Dat ding is, sûnder dat der ek noch mar in spiker slein is, al seis miljoen euro djoerder wurden. Net is mins dy 't dat troch hat, mar fan 't hjerst, doe 't der noch wakker diskussieard waard, stie de teller foar in 333-meterbaan op 13 miljoen euro.
Neffens de KNSB moast it in 400-meterbaan wurde. Klear, seine de Ljouwerters, noch folle moaier. De kosten waarden rûsd op 18 miljoen euro (sykje mar ris op it wurd iisbaan Ljouwert, op Omropfryslan.nl). No hat de provinsje 10 miljoen euro tasein, mar blykt de rûsde priis fan de hal yntiids op 24 miljoen te kommen. Der moat dus noch begongen wurde. Wêr eindiget dit?
Fierder wurdt der praat oer: gjin konkurrinsje of skea foar Thialf. Oh nee? Der binne berjochten oer itselde ûnderwerp, dêr't praat wurdt oer 'minimaal anderhalve ton inkomstendelving voor Thialf'. Wat tinke jim dat der bart mei de iisferienings dy 't no gebrûk meitsje fan Thialf? Alles wat út 'e omkriten fan Ljouwert komt (en dat binne der noch al wat), sil aanst fansels ek yn Ljouwert ride. Dat rekket Thialf allegearre kwyt. Mar dêr hearst net in mins oer. Dat wurdt in gat yn 'e eksploitaasje fan hier-tot-gunder en wa moat dat bypasse? Links de provinsje, want dêr moat in fûns oanlein wurde fan 250.000 euro yn 't jier en rjochts by de minsken dy 't nei in wedstryd op it Fean ta wolle. Wurdt in moaie djoere brot. En Ljouwert? Dêr laitsje se har slop. Krije mear as dat se fregen, en kinne aanst de riders amper mear bergje. Let mar ris op. Ik gok op it fjirde faillisement fan Thialf!
Dy namme fan 'e Ljouwerter hal moat oars noch al efkes oer praat wurde. It wie Alvestêdehal, mar yn 'e lêste berjochten wurdt wakker praat fan Elfstedenhal. Sjoch, dan soe ik as provinsje, mei in dot fan in Kultuernota, fuort de keutel wer ynlûke!
maandag 24 oktober 2011
"Wy bin net lulk fjidder"
Gelokkich. It reedrydseisoen is los. Dus wurdt der wer praat oer de lytsere en gruttere toernoaien dy't op kommende wei binne. Machtich. Genietsje ik fan. Sit ik wer mei de panne op skoat foar de tillefyzje, foar safier't de tiid dat talit.
Yn'e media binne se fansels ek net gek, de Ljouwerter kaam sneon al mei in moai grut ferhaal op de foarside fan de Regio. It hie mei de sport op sich net iens safolle fan dwaan, as wol mei de sfear der omhinne. Want, sa ha in pear ûndersikers útfûn: de grutte toernoaien lûke net genôch minsken. Of better sein: der komme genôch, mar it publyk fergrizet. EN DAT KIN FANSELS NEA DE BEDOELING WÊZE.
Nim my net kwea ôf dat ik efkes begjin te balten, want leau my, kinst my finaal fan it behang skraabje mei sok dom praat. Dus grize dofferts ûnder myn lêzers: jim meie net mear nei it reedriden, want de jongelju moatte derhinne. Grize koppen binne langer net mear tastien. En dêr ha dy ûndersikers en it reedridersbûn wat op útfûn. Lês en huverje:
- De 5000m is útsoarte net sa leuk, dus dy ride wy tenei earst en dêrnei de 500m, want dat biedt wat mear spektakel. Ik freegje my ôf hoe't de riders dêr oer tinke, want kwa tarieding ferget it nochal in oare oanpak liket my, mar goed.
- Der moatte twitterkwoots op grutte byldskermen oan it publyk toand wurde, mochten se har dan al wat ferfele, dan kinne se altyd noch lêze wat buorman krekt op syn blackberry (as dy dan wer wurkje) delkwattele hat.
- Der meie gjin interviews dien wurde, want minsken wolle hosse en sjonge en wolle dus net witte wat der spilet yn it kopke fan in sporter. Hjir kin ik ynkomme, want yn de measte kopkes spilet ek mar in ferhipt lyts bytsje en de measte ferslachjouwers ha ek net foaroan yn'e rige stien doe't it ferstân omparten waard, dat dy stelle gjin fragen, mar miene dat der op in simpele opmerking (het ging niet hè?) in hiel ferhaal komt. Yn it plak foar dy ynterviews komt der in spesjale parsekonferinsje foar bern. Is tink ik ek net mei de riders en rydsters oer praat wurden.
- Ûnder dy ferskuorrend langtriedderige 5000m en 10000m moat der muzyk draaid wurde. Fan dy deade, waardeloaze trije-lettermuzyk fan in bandsje. Want dan fermakket it folk him teminsten, wylst de riders harren deadlik saaie rûntsjes draaie.
- De huldiging moat pimpt wurde, de belslide is te âlderwetsk. Ik sis hjir fierder mar neat op, liket my oerstallich.
No wol ik net seure, mar as jo je ôffreegje wêrom't jongelju net komme:
a) dy moatte de hiele dei oppas regelje en dêrby ek moannen garje om dy rottekrûddjoere kaartsjes te beteljen
b) dy hiele toko sit ôfladen mei sponsoren en oanferwante meilifters, dy't hoegenaamd gjin ynteresse ha yn it reedriden, mar wol yn de hiele bedjêrderij-op-in-oar-syn-kosten deromhinne. Dêr wol ik ek net tsjinoan sjen, al hoe jong at ik ek bin. En as woe ik it al, der binne gjin kaarten mear te krijen, want dy lju dy't ik krekt neamde nimme nochal wat romte yn.
c)Der wurdt it hiele winterskoft omtrint alle wykeinen riden. Dat is wiidweidich op tillefyzje, dat sels ik bin it yn maart grôtsêd.
Kinne jim my dan noch, ûndanks alle beswieren, noch nei Thialf krije? Jawol hear. As der dan dochs muzyk draaid wurde moat, dan graach live in band op it middenterrein. It Blauhústerkarnaval mei dan wol oergean, set De Hûnekop der mar del. En graach iepenje mei it nûmer "Wy bin net lulk fjidder".
Oh ja, as tajefte graach foar dat ploechje djoere jonges op'e sponsorplakken: "Brúnwurker". Dan kom ik sekuer!

Abonneren op:
Posts (Atom)