Ik wie hjoed op 'e jiermerk yn Ljouwert. Dat wie net earlik it doel: de âldste woe 'shoppe' en ik wist tafallich dat it keapsnein wie. Sadwaande bedarren wy in mannichte minsken, sa as se yn Haren noch nea by elkoar sjoen ha. Mar hawar.
It is útsoarte ek net in snein sa as ik dy, mei myn wat âlderwetske ynslach, altyd foar eagen hant ha. Myn snein soe der ien wêze moatte fan in ienriedigens, sa't je dy eartiids seagen yn de Bona-reklame. Of dêr't je fan liezen yn dy, frijwat drege, berneboeken dy't der destiids te krijen wiene. 'Nog bij moeder', of soksawat. Koartsein: earst mei syn allen rêstich wekker wurde, bôlle ite oan tafel en dat sûnder lijen om't heit ek thús is en foar de gelegenheid de farskbakte broadsjes mei leafde smard hat, mei de hiele húshâlding nei tsjerke en dat dan de bern ek netsjes stil binne en leaf de glês-yn-lead-rútsjes telle, of de skreven yn it plafond, mar yn gjin gefal elkoar it ljocht út 'e eagen klauwe om't de iene boartsje wol mei it prultsje dat de oare ek op it each hie, dan nei de preek tige foldien oan'e kofje-mei-wat-derby en dan, om't it fansels útsocht waar is, mei syn allen in slach om'e buorren kuierje. Sjoch, dat is wat ik, yn 'e jierren dat ik foarsichtich oan in eigen húshâlding begong te prakkesearen, foar eagen hie.
De wurklikheid is justjes oars. "Tussen wens en werkelijkheid staan wetten in de weg en praktische bezwaren," orearre ús heit altyd, as wy it wat te heech yn 'e plasse hiene mei ús winsken. No kin ik gjin wetten betinke, dy't my in noflike snein, sa as ik my dy dreamde, ûntsizze sil. Mar dy 'praktische bezwaren', dat binne grutte spulbrekkers. Ik ha ommers gjin folsleine húshâlding en al hielendal gjin bern dy't leaf glês-yn-lead-rútsjes telle. Ei no, dat is mei in pûde spekjes yn mem har tas noch wol wat te ferhimmeljen. Mar it rêstich wekker wurden is der net by fansels, want dan ha de frouljue meast al efkes mei de hoarntsjes yn elkoar sitten.
Hjoed hie ik oars in hiel ein komme kinnen mei it ultyme Bona-sneinsgefoel: it wie útsocht waar, de jongste wie útfanhûs by heit, dat der wie gjin oarloch, wy hiene op'e tiid, sûnder lijen, de bôlle op, mar doe gie it mis. De preek wie nammers yn Marsum en dêr flean ik net hinne. Bitgum of Bitgummole en by need Ingelum, mar dan hâldt it foar my op. Mis fansels, mar sa giet dat mei my. Gees hat al nei sneinskoalle west. Dêrnei dus kofje-mei-wat-derby en in slach om'e buorren mei de hûn.
En doe ynienen wie dêr dy net-sneinske-oanslach dy't wy krigen: wy woene nei stêd. En dat ha wy dien ek. Broadsje iten by de V&D en doe nei de boekwinkel, want Gees woe graach in nij boek keapje. Dat wol se altyd, it is in echte boekewjirm. Kertier oer twaen sieten wy tusken de berneboeken. Healwei fjouweren wie se der út en koe der ôfrekkene wurde. De kar wie dreech: it gie tusken Koen Kampioen (bin ik op tsjin), Snelle Jelle, De nieuwe linksbuiten en noch wat fan dy fuotbalboeken, en de nijste fan Paul van Loon oer Dolfje Weerwolfje. Ik hie stikem hope dat se kieze soe foar Jan Terlouw, Thea Beckman, Roald Dahl of soksawat, mar ik leau dat se dêr krekt noch wat te jong foar is om it goed te begripen. It is Dolfje wurden.
Yn dat grouwe oere dat ik dêr sitten ha is my lykwols al dúdlik wurden dat it berneboek ek fan ynflaasje te lijen hat. Allegearre like 'populêr', of wurd ik no echt âldfrinzich??? En it slimste: se ferkeapje gjin boeken fan Arendsoog mear. Fergemy.
Posts tonen met het label heit. Alle posts tonen
Posts tonen met het label heit. Alle posts tonen
zondag 30 september 2012
zaterdag 3 september 2011
Wat noch nea earder barde...
Ôfrûne snein skreau ik hjir oer it ledekeatsen yn Penjum. Dat ik meidwaan soe, mar ta myn eigen argewaasje eins alle jierren fernim dat ik by de âldere garde begjin te hearren. Dat is by de keatsferiening dêr ek opfallen, hjoed mocht ik dan yn'e B-klasse keatsen. Wat in prachtdei, wat in prachtwaar en wat in prachtrisseltaat: foar it earst yn myn libben wûn ik Penjumer Merke. Ik hie ek in pear knappe maten, dat moat beslist sein wurde, mar wat hearlik om ris wer in krânse te winnen. De lêste is al in jier as seis lyn, hjir yn Bitgum mei in ledepartij. Dat woe ik jim dochs efkes fertelle: earst sizze dat ik meidwaan sil en noch nea wûn ha, dan ha jim der ek rjocht op om te witten hoe't it ôfrûn is.
Bin no sa stiif as in planke, mar de medalje en it sulveren kettinkje lizze hjir op tafel. Foar elk dy't no moarn mient dat er myn gevel kontroleare moat op de krânse: dat wurdt in fergese loop, want de krânse leit yn Penjum op it hôf. By ús heit. Dêr ha myn trije susters en myn sweager yn'e ôfrûne acht jier alle jierren in krânse ôflevere. No leit dêr dus myn krânse. En jim meie wol earlik witte, dêr hie ik al efkes triennen by..

zondag 31 juli 2011
Langst nei kowestront
Somtiden wurd ik der folslein troch oerfallen. Oare kearen wer net: ik wit ommers dat ik ivich en altyd in boeredochter wêze sil. Dochs komt it betiden hurd oan. Dy langst nei hoe't it wie.
Fannewike ek wer. Ik stie de fjouwer hynders fan myn âldste suster te mjuksjen. Ik brocht de bisten yn it lân en kroade de stront nei de dongbult. Overall oan, mouwen opstrûpt, learzens oan'e fuotten.
Dêr, tusken stâl en dongbult, mei in kroadfol hynstestront foar my, fleach it my wer ris oan. Ik seach foar my út it koepeltsje fan Wytmarsum. Rjochts it thébuske fan Wûns, wer efkes fierder de skraits fan Koarnwert en it beskieden tuorke fan Surch. De Halsbân as âlde seewearing en fierderop de seedyk dy't no it wetter keare moat. Dêr binnen it lân, dat eartiids fan ús heit wie. Wêr't ús kij en skiep rûnen. Wêr't dy akelige hokkelingen útnaaiden, alle kearen as wy se ferweidzje woene. De terp, dêr't ik al mannich kear krekt net ferûngelokke mei de trekker, as ik de skeane kanten meande, swile of skodde. De koarte seize, de sechsteheale, de twadde finne en foar ús âld pleats de earste finne. En al dy oare stikken, wêr't ik by rein en sinneskyn gauris de kij weihelle hie.
Doe't ik de nammen fan dy stikken lân yn mysels neamd hie seach ik dêr wer efter dy âlde, stompe toer. De Penjumer toer, dy't ús heit no al wer sa lang by him draacht.
Dêr, middenmank dy greiden en tuorren oerfoel my wer dat ferskuorrende langstme nei doe. Nei de jierren dat wy as húshâlding noch op'e pleats wennen. Ús heit noch buorke. Ik ek in bytsje meibuorkje mocht.
Op sokke mominten wol ik wol krûpende troch de stâl. Kowestront rûke en fiele.
Soe it ea oergean?

Abonneren op:
Posts (Atom)