Hjoed jierdei hâlden. Net myn hobby, mar goed, ien kear yn it jier bin ik de klos en om't guon minsken dat graach mei my betinke meie, set ik alle jierren braaf de doarren wer iepen. It beroerde is: meastentiids sit ik der de hiele dei yn: mem moarns en middeis, dan ien suster en'e man mei de beide bern, dan te let in patatsje trochslokke en de bern op bêd wurkje en dan komme de buorlju en de oare susters. Fan gefolgen sit ik dus jûns healwei tolven heal gear noch efkes te bekommen efter de kompjoeter. Sjekje en wyntsje by de hân en foar it earst efkes rêst yn'e hûs. Bekomme ek fan it feit dat ik hjoed al hiel faak hearre moatten ha dat ik no echt op nei de fjirtich(!) gean. Hmmm, ik ha jierren folhâlden dat ik begjin tritich wie, mar dat slagget dus net mear...
Even sa goed in nuvere beweging hear, sa'n jierdei: jûns mei syn allen yn in rûntsje sitte, wachtsje oan't der in skaaltsje woarst foarby komt (no ja: by my is it prinsipe: jim witte wêr't it guod stiet, súkses) en altyd deselde minsken mei it selde ferhaal. Teminsten: myn iene suster hat it wurd, ien buorfrou fult no en dan oan, de oaren binne stil. Gelokkich is it hjoed woansdei en moat elk moarn wer oan it wurk, oars wurdt it ek noch wolris ienen en twaen. Dan de bringst noch oprêde, flokke om't de hûn krekt earder by de woarstrestanten wie as ik, doekje oer'e tafel en dan sels noch efkes neisitte. Wer foeterje: oer minder as acht oeren moat ik de beide bern al wer klear ha foar skoalle en de jongste nimt moarn ôfskie fan'e pjutten en moat dus ek noch trakteare. Barst, wêr binne de traktaasjes en hoe knutselje ik dêr noch wat aardichs fan? Lit ek mar, in koekje yn in pûdsje is ek moai genôch, it giet dy bern dochs om it snobjen en net om de kreative útspattings fan in te-entûsiaste mem.
Dus no mar hast op bêd. Noch ien sjekje, dan noch efkes lêze en wer in dei foarby. Oant moarn. Oh ja, myn stoepe foar hûs en de Slachtersrige binne snotteglêd!
Geen opmerkingen:
Een reactie posten