woensdag 5 januari 2011

Better soe wêze...

Taal is dynamysk, sa is my altyd leard. Minsken feroarje en harren taal feroaret mei. It Hollânsk wurdt pimpt mei Ingelske wurden en mei typyske 'puberútdrukkings'. Somtiden hiel aardich om te hearren, mar om't ik al in jier as tweintich gjin puber mear bin, kin ik it betiden mar amper neikomme. As myn âldste 'Fet chill oan it loungen is', bedoelt se dat se ferhipte noflik op har sitsek hinget. Sa fier bin ik al. Gelokkich is myn âldste noch mar sân en hâldt de ferwyldering fan har taalgebrûk dêr ek wol sa'n bytsje op. Mar moai fyn ik it net. Ik bin dan ek grutsk, as de juffer fan skoalle my fertelt dat Gees it hat oer wjukken, wrâld, skonken en reedriden, ynstee fan vleugels, wereld, fuotten en skaatsen. Sy soe sels no noch net misstean yn de earder Taalspegel fan'e Ljouwerter krante. Mar dy taalspegel is ferdwûn. Lyk as it min en geef Frysk fan Gurbe en Loltsje en de taalrubryk fan Rynk de Haan eartiids by Omrop Fryslân.
It soe wat wêze, as dy âlde De Haan no nochris sa'n rubryk hie op ús regionale sinder. Hy soe oeroeren draaie moatte om de meiwurkers op harren flaters te wizen. Want dat wie, wat hy eartiids die: hy pakte in pear útspraken fan de omrop by de kop en fertelde dan wat der mis wie. Steefêst folge dan syn korreksje: "better soe wêze...". Net alle meiwurkers fan de Omrop hiene dêr nocht oan, se fielden har wat te kakken set. It erflike ferlechje wie dan: "taal is no ienris dynamysk en al dy âlderwetske (better soe wêze: âldfrinzige) wurden, dan witte de harkers net mear wêr't wy it oer ha." Apekoal fansels, want as jo dy wurden brûken bliuwe, dan ferjitte de minsken thús wier net wêr't it oer giet. En oars koene se altyd noch wer mei harren fraach terjochte by dyselde Rynk de Haan, dy't dan wol tekst en útlis joech.
Mar affijn, Rynk waard ôfserveard (better soe wêze: ôfskreaun) en de omropmeiwurkers koene wer frij ademhelje (better soe wêze: sykhelje). Dit hat dus fan gefolgen dat wy no mei in generaasje ferslachjouwers sitte, dy't in soadsje meitsje fan tiidwurden (mar dat sille wy no mar litte sitte. Better soe wêze: sitte litte), dy't har gjin rie witte mei gewoan geef Frysk en ús taal al hielendal net skriuwe kinne. In skande, neffens my. Hoe moatte wy ús taal hoedzje en noedzje as ús regionale Omrop ús net ta in foarbyld wêze kin? Is dat net dyselde Omrop dy't slompen subsydzje fret, krekt om't it ek in funksje hat op it mêd fan it Frysk?
Rynk mei om my werom komme. Better soe wêze: Rynk moat werom komme. En oars in oare taalpommerant, dy't de radiolju skerp hâldt, as it giet om it brûken fan it Frysk. Allinnich al dêrfoar soe om my in ekstra subsydzjepotsje oansprutsen meie wurde (better soe wêze: wurden meie).
Taal is dynamysk, dat mei ek sa bliuwe, mar in taal moedwillich nei de knoppen helpe, dat roait igge noch seame! By my op it húske stiet: dy't syn memmetaal fersmyt, is syn djoerste eigen kwyt!

Sa't it sein is.

4 opmerkingen:

  1. As ik it hjir en dêr by de Omroep goed bestudearre haw dan binne se gjin taalbefoarderer. En dat hoecht om my ek net. As se lykwols harren taalgebrûk ris spegelje soene oan de Hollânske stjoerders dan soene se ta gjin oare konklúzje komme kinne dat it taalferkrêfters binne.

    Dat fyn ik nearne werom mar is gewoan de wierheid. Ofsjoen fan alle oare 'kneuterige' ferskinings binne it gewoan subsydzjeslynders dy't it jild net wurdich binne.

    Dêr binne se yn Fryslân net unyk yn.

    Wêrfan akte.

    BeantwoordenVerwijderen
  2. It Friesch Dagblad brûkt sels al gjin Fryske kwoots mear fan Frysktalige minsken en de LC brûkt noch wol Frysk, mar it nivo is om te skriemen. Friesland Post hast al neat Frysk-eigens mear, of it moatten in hantsjefol âlde foto's wêze, mar dêr hâldt it dan ek mei op.
    Platfoarms foar de Fryske taal wurde streekrjocht de nekke omdraaid. Besunigings no?

    BeantwoordenVerwijderen
  3. No, doch der wat oan. Ik sit net yn de posysje.

    BeantwoordenVerwijderen
  4. Moai skreaun Martsje. Wat mij bij de Omrop de measte argewaasje jout, is it feit dat se der tsjintwurdich bij hast alle ûnderwerpen yn slagje immen oan it wurd te litten dy't net Frysk praat.
    Dat moast ferbean wurde. It liket wol dat alle bazen en liedingjouwenden ús taal net mear kinne. Of it ferdomme om te praten.

    BeantwoordenVerwijderen