zaterdag 29 januari 2011

Farwol Gert

Fannemoarn belle myn Bitgumer taksibaas: kollega Gert Gort is justerjûn by in auto-ûngelok om it libben kaam. Ik wie der stil fan, trille as in blêd, it wol noch net yn my del.
Gert wie net allinnich kollega by de taksi, mar ek al doe't ik noch foar it Friesch Dagblad wurke en fansels ek by it keatsblêd Wis In. Sadwaande kaam ik him al mear as tsien jier in pear kear wyks tsjin.
In fijne man, Gert. Goudearlik. Ek wolris wat te earlik nei myn sin, want hy mijde my net as ik yn syn eagen gjin goed wurk levere. Mar foaral in prachtfiguer, mei in hearlike, ûnderkuolle humor. Wy ha wat ôflake, op keatsfjilden, by hynstesport, hûneshow en yn'e kantine by Taxi van der Pol yn Harns.
De grutste bak wie noch wol, dat wy as redaksje fan Wis In, Gert oan it muorrekeatsen krigen ha. Elts dy't him ken, wit dat Gert net it toanbyld fan sportman wie, mar goed, wy hiene as jierliks útstapke in 'clinic' muorrekeatsen en wat nimmen ferwachte: Gert hyste him yn sportklean en stapte fleurich de sporthal yn. "Wat kykst my an," gniisde er, doe't ik mei eagen op stâltsjes him oangappe. "Silsto ek meidwaan?" koe ik noch krekt útbringe, eart ik hiel hurd laitsje moast. "Lach dou maar, as ik hier klaar bin, salst wel anders prate." No, it die bliken: Gert hie eins noch nea keatst, mar wie wol ferhipte fûl. Muorrekeatsen is in taktysk spultsje en taktyk, dêr koe er wol mei oerwei. Koartsein, hy fermakke him ta de teannen út en joech op ús lêste redaksjegearkomste ek al oan dat dit nochris wêze moast.
Fûl wie er ek as it gie om syn foto's. Goed ark mei en altyd op syk nei wer in moai plaatsje. Gert tocht neffens my yn foto's, ik leau net dat er de wrâld om him hinne oars sjen koe as in samling foto's. Altyd oan it prakkesearen oer materiaal, stânpunten, beljochting, kleur. As hy der ien kear oer op'e tekst rekke, dan koest dy mar bergje, want hy hâldde drekt net wer op.
Rjochtfeardich wie er. Syn gefoel foar wierheid en eigendom makke, dat hy him ferskuorrend opwine koe as ien materiaal fan him, as fan in oar 'jatten' hie. Wythyt wie er. In hiel inkelde kear ha ik him sels flokken heard.
As kollega wie er fleurich. In net te missen ferskining, dy't altyd ree stie, foar dy minsken dy't er graach lije mocht. Ferline jier helle ik him út it sikehûs yn Dokkum, dêr wie er behannele, nei't immen de foarrangsdyk oerstekke soe en dêrby net seach dat Gert der mei syn buske oankaam. De klap wie hurd, it buske rampoai, mar Gert kaam der mei in pear blauwe plakken en in alderheislikst stive nekke foarwei.
Juster soe er foto's meitsje: de sinne gie sa prachtich ûnder, dat hy efter de seedyk plaatsjes sjitte soe. Hy is sa fier net kaam, it needlot helle him yn.
Bêste, bysûndere Gert, farwol...

1 opmerking: