Hjoed myn jierlikse rûntsje mei de rimmetykbus rûn. Alle jierren stel ik it wer út en meastal oan'e lêste dei en dat wie fan't jier net oars.
No hie ik myn earste loopke ôfrûne tongersdei al dien, mar ik bin net fierder kommen as buorman, dy't de beurs klear en it bier kâld stean hie. Goed trije en in heal oere letter kaam ik thús, dat wie ryklik healwei ienen nachts. Gjin tiid dus om noch fierder te kollektearjen. Al hie fansels doe al moai kâns dat de lju thús west hiene.
Mar goed, it moast dus noch efkes heve en fannejûns ha'k de doarren by lâns west. Ûnder iten. Mislike tiid, ik wit it, mar dan is elk meast wol aardich thús.
It Reumafûns kin tefreden wêze, ik ha leau'k knap sinten ophelle. No mar hoopje dat it net allegearre yn'e bûse fan ien as oare ynklauwer bedarret...
Geen opmerkingen:
Een reactie posten