donderdag 17 maart 2011

Foarearst gjin Gloaria...

It kribelet my. Fûgels sjonge yn alle toansoarten, lyts en grut, elk har eigen deuntsje. Ik werken se allegearre net, alhoewol't ik de ka en de lyster der meast noch wol útpik. En fansels de greidefûgels. Ljip, skries, strânljip, tsjilling (en wat liket dat lûd dan wer in ferhipte soad op dat fan'e strânljip), ik bin der mei grutwurden by ús heit en mem op'e pleats yn Penjum.
Mar it binne net allinnich de fûgels, it binne ek de blommen. Alle jierren wer reitsje ik oeremis fan de earste snieklokjes en as dy dan al in skoftsje boppe de grûn binne, dan fergapje ik mei oandien oan de krookjes, dy't, mei de bekjes wiid iepen, om't fûlst besykje it sinneljocht op te heinen.
Wûnderlik is't. Wûnder fan'e natoer, wûnder fan libben, ik kin der net oer út. Gelokkich net.
Wat baalde ik snein dan ek as in stekker, doe't dûmny yn Kûbaard it tsjerkfolk der nochris op wiisde dat de fjirtich-dage-tiid oanbrutsen wie. Karnaval hat west, jiskewoandei ek en dan giet it oan: fjirtich lange dagen fan ynkear. Guon minsken belibje dat nochris ekstra troch der in fêstentiid fan te meitsjen. Soks soe my, bourgondiër yn ieren en sinen, net slagje. Ynkeare? Hoe soe ik dat dwaan moatte, wylst bûten de natoer it útgeit fan wille? Dûmny ferdútste ús, der wie yn dizze tiid fan ynkear gjin plak foar in Gloarialiet, it moast ta mei in sober Kyrië, in freegjen om ûntferming. Fansels, ûntferming moat der wêze en om frege wurde foar harren dy't it minder treffe as wy en oan wa't op dit stuit de dagen tsjuster binne. Mar dochs, hie de man neat sein oer dy ynkear en oer dat Gloaria, ik soe as oargelist de fleur der goed ynsmiten ha. Ûnderweis hie'k my dêr al op fergappe: ik hie greidefûgels sjoen, in knoarre sels by Winsum lâns de grutte dyk, by in stik ûnderrûn lân. Ik hearde al dy bisten sjongen. Sý wol, tocht ik efkes mismoedich ûnder de preek.
Mar is sit net foar mysels efter dat oargel fansels, dat ik hâldde my yn, al jûken my de fingers ek noch sa bot. De preek rekke my oars ek wol, de tiid fan Peaske dy't oankomt, is ommers ek hast noch yndrukwekkender as Kryst? En ynkeare, dat soe by't hjerst, as de beammen keal binne, de greiden deads en ferlitten, ek net tafalle. It soe ús faaks noch yn'e lytse loege bringe, as wy der net om tochten. Nee, dan mar yn dizze fleurige maaitiid ris goed by jesels te riede gean, as je dan nei ôfrin om je hinne sjogge, is de oanblik fan'e natoer altyd wer in feest. Ek in soarte fan opstanning, as je dat no wolle as net.
Gjin gloaria dus, dat komt mei de Peaske wol wer. Ik joech my der ûnder del. Mar op'e weromreis seach ik al trije leppelbekken healwei Spannum en Winsum yn'e greide sitten. En thús foel my op dat de earste titelroazen al aardich yn'e knop sitte. Hie ik dochs noch myn Gloaria!

Geen opmerkingen:

Een reactie posten