As âlden ha jo de hannen fol oan it grutbringen fan bern. As mem allinnich hielendal. It hat syn foar en tsjin: jo wurde net op'e fingers sjoen en de bern kinne net sizze: "fan heit mei it wol", want dat giet dus net op. Mar it hat foaral ek in soad tsjin. Want leau my, de diskjusjes mei dy kninen binne jo wol in kear sêd.
Neam no it iten. De âldste hat eins altyd knap iten, fûn ek alles wol lekker, sa lang as it net al te pittich wie. De jongste is in oar ferhaal. Dy hoecht neat as it gjin jierdappels binne en dan moatte der beantsjes by, of blomkoal. Yn in maklike bui wol se ek noch wolris in bekjefol woarteltsjes opkôgje, mar dan hâldt it ek wol sawat op. En wat spitich no, de âldste begjint fan'e weromstuit ek te healwiizjen. Sit no mei lange tosken te sjen nei iten dy't se earder altyd mei smaak fuortwurke. En dat is min, ferhipte min, want: A: dizze mem is allergysk foar griemers oan tafel en B: dizze mem besiket in kristlike opfieding mei te jaan en dat falt op sokke momenten net ta.
Jûns, as wy oan tafel sitte en ik ha ierdappels, fleis en griente opskept, dan moatte earst de eachjes ticht en de hantsjes gear. De âldste docht dat keurich, de jongste (4) ferpoft it steefêst, of makket har der mei in koart en grammitich 'amen' fanôf. Mem hat dan noch alle moed en docht dus krekt as fernimt se neat. Mar dan komt it: de iene skoot it boardsje fan har ôf mei de wurden 'ik fyn mem noait wer leaf' en de oare begjint in omstannich ferhaal oer skoalle, rekkensomkes, wurgens en gean sa mar troch. Mem sels hat yntiids de panne leech, want ja, dy hat altyd al lekker ite kinnen, en it bloed wurdt har sa stadichoan sûpe. Mar affijn, we hâlde moed, dus de âldste begrypfol en geduldich oantrúnje en de jongste no en dan in hapke opfuorje. Nei tweintich menuten argewaasje, reek út'e earen en in lytse fulkaanútbarsting fan myn kant, sjou ik de brot nei it oanrjocht. Jammerjende bern oan tafel: dy wolle al fla fansels. Ik prottelje, mar jit de fla al yn. Wilens binne Jut en Jaai al fan'e stoel sprongen en nei de telefyzje draafd. Ik sko de fla yn'e kuolkast en ferjit fan'e weromstuit it tankjen foar it iten en ek it lêzen út'e printebibel sjit derby yn. Hat ek net folle doel, want ik ha hjir en dêr al in pear grouwe knopen falle litten.
In koarte gearfetting: trije kertier iten siede, twa tellen de Seine freegje, tweintich menuten flokke, in kertier oprêde en noch in heale jûn argewaasje neitiid.
No hjoed ha'k mar in nije húsregel ynfierd: der wurdt net earder wer patat iten, as dat der in hiele wike lang, sûnder geseur, iten is wat de pot skaft. Soe it helpe?
Geen opmerkingen:
Een reactie posten