maandag 21 maart 2011

NL Doet gjin soademiter

Ha jim it ôfrûne wykein wol yn't spier west yn it ramt fan NL Doet? Of hiene jim oare drokte? Apart net, dat foar soks in aparte dei yn it libben roppen wurde moat.
Aardich fansels, sa'n NL Doet, mar yn wêzen moast it net noadich wêze. Wenje wy net yn it lân fan de frijwilliger? Wat tinkt men dat dy mantelsoargers allegearre dogge? Meiwurkers fan lokale omroppen? 'Maatjes'? Minsken dy't spultsjes en oare aktiviteiten dogge mei âlderein, of hendikepten? Foarlês-, nifel- en luze-memmen (en heiten)? Foar in grut part allegearre frijwilligerswurk. Kollektanten rinne frijwillich, de grinsrjochters by it amateurfuotbaljen fan bern en de leechste klassen folwoeksenen ek. De karmasters by it keatsen, de perklizzers, al dy bestjoersleden fan withoefolle ferienings yn ús lân: allegearre frijwilligers. Ha ik noch nea ien oer heard by NL Doet.
Prachtich hear, dat in wethâlder in ferfkwaste beethâlde wol, mar it is allegearre preekjen foar eigen parochie, ik hâld dêr net fan. Dit lân draait op frijwilligers en oars wol op minsken dy't heal fergees in hûd fol wurk fersette! Dat is betiden beskamsum. Foaral as jo betinke, dat yn in soad gefallen dy frijwilligers oanstjoerd wurde troch ien dy't dêr in moaie sint fan opstrykt. Ophâlde dus mei sokke ûnsinnige dagen en jou ris omtinken oan al dy minsken dy't stilswijend al sa'n ferskriklik soad foar in oar dien hawwe. Gratis om'e nocht, sûnder der ea wat foar werom te freegjen, sûnder faaks wol de wurdearring dy't men fertsjinnet. NL Doet sa't it liket allinnich wat foar in oar as der fertsjintwurdigers fan de media op'e noas by steane. Bah!

2 opmerkingen:

  1. De ûnsichtbere earmoed moat dochs earne foar it ljocht brocht wurde...

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Martsje
    Folslein mei iens. Sa'n dei sil wol wêr betocht wêze troch ien of oare Hagenees dy't op in ministearje sjen litte moast dat er dochs wol wat oars docht dan út it rút sjen.

    BeantwoordenVerwijderen