Koart fan stof en ek net mei al te folle pretinsje, gewoan foar de aardichheid. Publisearre yn de Wis In fan Maaie (de earste) en Juny (de twadde).
Maaitiidsrop
Net de ljip dy’t oer de wjuk giet
Likemin de earste titelroas
Net it lûd fan skriezen, tsjirken
Rekket my as maaitiidsrop
mar in earste, bolbjirken
‘Achteruit!’
Tillegraaf
Stiif steane jo dêr yn it lân
De earms wiidút
Komselden yn lykwicht
Mar nea út balâns
Sûnder wurden
It oardiel sprekkend
Jo, houtene hoeder fan’e stân
Sa sawat. Faaks doch ik soks wolris wer, mar dat sjogge wy dan fansels.
Groetnis!
Geen opmerkingen:
Een reactie posten