Ôfrûne snein skreau ik hjir oer it ledekeatsen yn Penjum. Dat ik meidwaan soe, mar ta myn eigen argewaasje eins alle jierren fernim dat ik by de âldere garde begjin te hearren. Dat is by de keatsferiening dêr ek opfallen, hjoed mocht ik dan yn'e B-klasse keatsen. Wat in prachtdei, wat in prachtwaar en wat in prachtrisseltaat: foar it earst yn myn libben wûn ik Penjumer Merke. Ik hie ek in pear knappe maten, dat moat beslist sein wurde, mar wat hearlik om ris wer in krânse te winnen. De lêste is al in jier as seis lyn, hjir yn Bitgum mei in ledepartij. Dat woe ik jim dochs efkes fertelle: earst sizze dat ik meidwaan sil en noch nea wûn ha, dan ha jim der ek rjocht op om te witten hoe't it ôfrûn is.
Bin no sa stiif as in planke, mar de medalje en it sulveren kettinkje lizze hjir op tafel. Foar elk dy't no moarn mient dat er myn gevel kontroleare moat op de krânse: dat wurdt in fergese loop, want de krânse leit yn Penjum op it hôf. By ús heit. Dêr ha myn trije susters en myn sweager yn'e ôfrûne acht jier alle jierren in krânse ôflevere. No leit dêr dus myn krânse. En jim meie wol earlik witte, dêr hie ik al efkes triennen by..
Geweldich Martsje! Fan herte lokwinske!
BeantwoordenVerwijderenRommert