donderdag 8 september 2011

Húsgenoaten yn soarten en maten

De r sit wer yn'e moanne. Foar guon âlderen it teken dat de levertraan wer foar it ljocht moat, foar my it teken dat der wer tal fan húsgenoaten foar it ljocht komme.
Dêr binne yn't earste plak de hússpinnen, sa as dy dingen sa moai neamd wurde. Ik wenje yn in hûs fan 1670 en ik bin der moai aardich wis fan dat de spinnen dy't hjir om dizze tiid fan't jier by my op'e muorre sitte der al by wiene doe't  it bouplan foar dit pand makke waard. Alderûnhuerichste grouwe, brune spinnen. Dy rinne net, dy wâldzje. Der binne der by, dy't mei harren grouwe kont net iens op myn plint passe. En ik ha dochs frij hege plinten. Wêr't se har oan't dy tiid altyd ferside hâlde, it is my in riedsel. Ik weef der meastentiids handich mei ôf: in stikje húskepapier, opkrije en trochspiele.
Fan in hiele oare oarder binne de stekmiggen. Dêr ha'k in hekel oan. Dy litte har net fange.
Dy misliksma's ha it paad troch myn fitraazje wer fûn en dus fjochtsje ik nachts wer it rûnom bekende gefjocht fan de minske dy't sliepe wol, tsjin it ûnrant dat stekke wol. Allinnich al it lûd, in alderkringeftichst fûl 'mieieieieieie' is genôch om my it sin foargoed te bedjerren.
Justernacht wie it wer safier. Ik hie lein te lêzen en neat fernommen. Neat sjoen, neat heard. Mar jo snappe wol, ik die it ljocht út, draaide my noflik om, hie de sliep hast te pakken en dêr soe it heve. Sangere my dêr sa'n bist om'e earen. Earst negeare. Net op yngean, krekt as by sangerjende bern. Gewurde litte, hâldt fansels op. Tocht ik. Net dus. Dizze wist fan oanhâlden. Ljocht oan: gjin stekmich te sjen. Ljocht út, sa fier mooglik ûnder'e wrine en ja hear, dêr wie it loeder wer.
Ik ha gelok op't heden, de nachten binne fris genôch om oan'e earen ta ûnder'e tekkens te krûpen en dat die ik dus ek, mar krekt dat lytse rântsje ear dat der boppe út kipe, wie genôch foar dy klier om ta te prippen. Ik miende dat ik him in oplawibus jaan koe, hy siet ommers moai te stekken, mar nee hear, ik rekke my sels net te sunich en dy ûngelok siet te kâldgnizen op it plafond. Wier, ik seach him efkes, sels mei it ljocht oan. Dat ik der hinne mei in Libelle. Kléts! Jûchhei, raak. Tocht ik. Foarsichtich de Libelle sakje litten om it risseltaat te bewûnderjen. Klear foar it fuortpoetsen fan in bluodrich plak op myn wite gipsplafondsje. 
Neat! Gjin bloed, gjin platsleine stekmich. Sels net in stekmich mei pine holle. Dat kring wie my wer te glêd ôf. Hie it op ien as oare wize foar elkoar krigen om, sûnder dat ik it seach, út te naaien ear't de Libelle mei in ferneatigjende klap op syn bretale kop bedarje soe. Ha him ek net wer fine kind. Hy hat him nei alle gedachten knap beskûl hâlden efter in rige boeken.
Doe bin ik mar wer op bêd gien. Fergriemend lilk, de adrenaline oan boppen ta. It sliepen waard fan kleare argewaasje earst neat. Bin letter al yn'e dodze rekke, mar de nacht wie fansels bedoarn.
De oare moarns kertier oer sânen gie de wekker. Ik fernaam it wol, ik hie blykber goed smakke, it wiene rûnom grutte jûkbulten. Tige seksy. Op'e muorre seach ik de fertochte ynienen sitten. Ik die it my net oan tiid om de Libelle fan'e flier te krijen, mar kletste der mei de flakke hân boppe op. It risseltaat koe besjen lije: in read plakaat op'e muorre en in fergnjidde stekmich mei de oare helte fan myn eigen bloed yn'e palm fan myn rjochterhân. Ik bin yn gjin skoften sa fleurich fan'e trep davere!

Geen opmerkingen:

Een reactie posten