It wie hjoed in bysûndere dei. Dat is útsoarte mei alle dagen sa, want fan elke dei is der mar ien, mar dizze sneon de 17e septimber 2011 giet foar my de boeken yn. Hjoed spile ús Gees har earste wedstryd foar Bitgum F3. En foar't jim no miene dat hjir in lofsang op de útsûnderlike talinten fan ús âldste komt, nee, dat falt wol wat ta. Al wie it fansels moai dat de fleanbasis dizze kompetysjestart opfleure mei in pear iepen dagen. Nee, hjoed wie in dei om te ûnthâlden om't de earste wedstryd fan Bitgum F3 foar my betsjut dat ik myn yntrede dien ha yn it wrâldsje fan 'âlden om it fjild'. En dat is dochs wol in aparte kategory folk. Ik hie my yn't foar goed foarnommen dat ik my der net tsjinoan bemoeie soe. Dreech genôch, want ik bin de fanatike kant it neist, mar dêr wol ik dat famke net mei lestichfalle. Mar der binne dúdlik ek guon dy't dêr oars oer tinke. De wedstryd wie noch gjin twa menuten âld, doe't ik yn it kamp fan Ouwesyl in nustje famyljeleden fan de pleatselike stjer seach. Foaral hearde. Efkes tocht ik, hope ik, dat se gewoan grappich dwaan woene, mar de skellen foelen my al moai gau fan'e eagen. Dit wie earnst. Dit gie net mear om in alderaardichst potsje klútsjefuotbal fan de jongste spilerkes fan twa doarpsklubs. Hjir waard in hiele bak oan ûnferwurke jeugdleed fan de famylje útspuid oer it blonde kopke fan in hiel lyts mantsje. Hjir krige de nea útkommen fuotbaldream fan in frustearde heit stal op in aldergrouwelichste wize. De hiele famylje raze en dat keardeltsje mar drave.
- Kom op Nick, zoek je positie
- Gaan Nick, gaan. Gaaaaaaaaaaaaaaaaa! Nú. Gaaaaaan!
- Lopen Nick, toe dan lopen met die bal.
- Naar die goal, naar die goal, naar die goal, naar die goal
- Goedzo jongen, lopen dan, lopen. Toe, toe, lopen dan.
- Niiiiiiick, gáááááán. Naaaaar die goal.
- Hálen Nick, hálen. Schiet dan jongen, hááááálen
- Kies je positie en vrrrragen die bal. Lopen, lopen, lopen, jaaaaaaa.
It mantsje hat neffens my net folle fan de oanwizings meikrigen, hie it te drok mei draven. Die och sa syn bêst en syn ploechje wûn ek noch mei 3-1. Gelokkich mar, ik bin bang dat Nick by ferlies syn bûsjild wol ferjitte kin. Of dat heit him thús noch in straftrening jout. Alles foar it súkses fansels.
Ik moast efkes tinke oan dy reklamesport fan SIRE: 'geef de sport terug aan de kinderen'...
Mar goed dat Ouwesyl wûn. By ferlies hie myn begrutsjen mei dat baaske noch grutter west...
BeantwoordenVerwijderenWolkom ien de wrald fan it 'voetbal' fan de memmem fan it 'voetbal'! Erg hè........
BeantwoordenVerwijderen