It is hjoed 2 oktober en hoewol't ik, krektlyk as do nei alle gedachten, hjoed noflik yn'e sinne sitten ha en de koarte broek en it t-shirt dochs mar wer út'e kast socht hie, bin ik yn gedachten al folle fierder yn'e tiid.
Ik bin nammentlik ien fan dy Friezen dy't waarmer wurdt as de earste kloft guozzen yn v-formaasje oerkomt. Dy't alle jierren mear aardichheid belibbet oan it opskarreljen fan de winterklean as oan it healneaken omdangeljen yn 'bleate' klean. Dy't bliid is as jûns de kleden wer ticht kinne (foaral as it dochs gjin simmer is om jûns noch lang mei in bierke bûten te sitten). Sterker noch: ik bin alle jierren as in protter sa bliid as ik moarns foar it earst wer in flueske iis fan myn autoruten skraabje mei. Dat doch ik sjongendeweis en mei yn myn liif eat wat fan flinters, fan spanning. In net goed te beneamen gefoel fan oerdwealskens, nea liker as soe der wat gruts op kommende wei wêze. Idioat? Dat mei sa wêze, ik kin der ek neat oan dwaan, ik bin sa berne, dat it sil ek altyd wol sa bliuwe.
Fannejûns, doe't ik mei de bern by de McDonalds weikaam, seach ik in ploegje guozzen oerfleanen. Harren lûd makke my fleurich. Dat se op wei wiene nei it waad foar in hapke en in oernachting like dúdlik. Ik wiisde de fammen derop: "sjoch dêr, de earste guozzen binne al wer op wei nei it suden". Myn hert gie iepen doe't de jongste sei: "dan wurdt it hast winter, no mem?" Ja leave, dan komt de winter wer oan. En wylst ik efkes hope dat ek sy in earsten leafhawwer fan Jûkelburd wêze soe, liet se har fuortendaliks fan har meast praktyske beukerkant sjen: "dan is it dus ek hast wer Sinteklaas". Oh ja, dat wie my al wer ûntkommen, mar se hat fansels gelyk.
Mar wylst wy ússels ûnpaslik ieten oan burgers, patatsjes en in milkshake en de sinne as in machtige, reade bol yn see sakke en by it ûndergean noch al efkes in nije dei moai waar foarsei, giene myn gedachten in pear moanne yn'e tiid foarút. Nei desimber, jannewaris, febrewaris faaks ek noch. Ik hie al heard dat der in strange winter foarsein wurdt. Wa wit wol strang genôch om op natoeriis te riden. En wa wit, wa wit, wol strang genôch om eindelik wer ris in Alvestêdetocht te riden.
Mar doe't ik sa fier wie, sakke my it sin fuort wer in pear graden. Want de Alvestêdetocht is langer in jildklopperij wurden. Buorfrou fertelde fannewike dat se alle jierren in tientsje de man jouwe om mei te lotsjen foar in startplak. Der binne 31.000 leden, dus dat hâldt yn dat de Feriening dêr alle jierren €310.000 foar opstrykt. Der hat de ôfrûne 14 jier gjin Alvestêdetocht west, dus ek gjin kosten om de brot op poaten te setten. De Feriening hat dus 14 x 310.000 = €4.340.000 opstrutsen. Dat is in moai dofke jild. Jo soene hast sizze kinne: sat genôch om wat aardichs mei te dwaan, dêr moatte wol in pear iistransplantaasjes fan betelle wurde kinne en dan kin it nei ôfrin foar de wakkolooch en syn wiif ek noch wol in knappe dinerbon lije.
Mar dat is noch net alles. Ás de 'Tocht der tochten' hâlden wurde kin, dan moatte alle startende riders, dat binne der 16.000 want mear kin it net lije, nochris €175 (!) jaan om starte te meien. Dat is rûchwei 78 sinten de kilometer, mear as twa kear safolle as dat jo neffens de ANWB de kilometer rekkenje meie oan kosten foar jo auto. Dizze finansjele ynstruier komt nochris del op in bedrach fan €2.800.000. Mocht de tocht der dus dit jier komme, dan hat de Feriening in romme 7 miljoen euro om stikken te slaan. Dêrfoar moat it dochs mooglik wêze om in knap stek om Fryslân hinne te slaan, sadat wy dy karnavalsoptocht oan Hollanners bûten de doar hâlde kinne?
Hoe dan ek, ik fyn it in a-soasjaal soad sinten. It is net te hoopjen dat dit spendearre wurdt oan it laavjen en fuorjen fan rike skevels dy't dochs al komselden har eigen iten betelje!
Geen opmerkingen:
Een reactie posten