It is in ferhipt súterige sneinoerdei yn oktober, as ik tsjinst ha op de sintrale. Meastentiids tilt it op fan’e riderij en teutsje my de earen fan de ûntelbere tillefoantsjes dy’t binnen komme. Sa net op dizze middei. It rint ommers nei de ein fan it jier en dan wolle de measte Valys-klanten harren skoandere kilometerkes bewarje foar de desimbermoanne. Mei Sinteklaas en Kryst wol men ornaris nei de famylje om útens en dan komme dy lêste kilometers goed fan pas. Fandêr dat it dizze dei stil is. Hiel stil. Sa stil, dat ik der suver wat balstjurrich fan wurd en de tiid deadzje mei twitter en it WK turnjen, dat op ynternet te folgjen is.
Dan ynienen giet de tillefoan. Alhiel út’e skroeven sjit ik oerein. ‘We hebben een beller’, âlje ik troch de lege sintrale. It blykt in Dútser te wêzen, dy’t stomme graach fan de poffertsjekream nei Winaam brocht wurde wol. Hy freget op tige strange toan hoe lang it duorje sil, ear’t de taksi foar stiet. No is myn Dútsk net al te bêst, mar lúzich as ik bin flap ik der út: ‘etwa fünf Jahre’, liz de hoarn del en sjoch earst noch efkes hoe’t Epke Zonderland in wat suterige rek-oefening sjen lit.
Dan stap ik yn’e auto en karkje nei de bewuste poffertsjekream. Dêr stiet in grize doffert mei in knoarre tassen te maneuveljen dat de kofferbak iepen moat. Hymjen en pûstend wrotte wy tegearre it spul te plak en as Herr Garske dan lang om let yn’e auto sit, docht er fuort syn beklach oer dat frommes dat him sa raar te wurd stien hie. Gelokkich hat de man der gjin erch yn dat ik ‘solch ein Mensch’ bin en ik hâld my wyslik stil.
De hiele fierdere reis seit er net in sprek wer en earlik sein bin ik bliid ta, want oars werkent er mooglik myn lûd en eat seit my dat ik dan noch net klear bin mei dizze man.
As wy yn Winaam oankomme moat der fansels efkes ôfrekkene wurde. ‘Wie viel?’ graut er. Efkes lit ik it yn my omgean en siz ‘40,45’, mar ik byt op’e tonge: dizze Dútser sit net ferlegen om myn sneintemiddei-humor. Dat ik sykhelje djip en siz: ‘Elf Achtzig’. Tegearre klauwe wy alle bagaazje wer út’e kofferbak en ik nim tankber 12,50 fan him oan. Santich sinten foai, dêr bliuwt it fannemiddei by.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten