donderdag 20 oktober 2011

Dom praat

Lies in artikel yn in memmeblêd. Dat is in blêd dêr't freelance sjoernalist/memmen oare memmen foarhâlde dat it libben ferhipte simpel is as jo de goeie helpers op it goeie plak hawwe. Dat artikel sei dat ik in ZEN-mem wurde koe. Dat frommes dat it skreaun hat is dat nammentlik ek, al wurket se freelance en hat se trije bern (ja, trije, want twa bern is út, as jo meitelle wolle sette jo in hippe tredde op'e wrâld) en ek noch in man.
It geheim neffens dizze skriuwster/mem: me-time. Oh ja, ik hie it betinke kinnen. Me-time. Dat is it. Me-time is tiid foar josels. En dan ek echt tiid: in dei nei de sauna, in wykein fuort mei freondinnen, in dei hielendal los gean yn in (djoer) winkelsintrum. Dizze me-time nimme jo net as de bern op skoalle binne, want in bytsje mem is dan oan it wurk. Want in mem dy't net oan it wurk is, stiet net yn har krêft, ornearret dizze skriuwster/mem. Me-time nimme jo dus as de bern thús binne en it dus eins net earlik past om der ris lekker op út. Foar me-time hiere jo (eks)man/buorlju/freonen/famylje yn om op'e bern te passen, wylst jo yn in pear oeren tiid as de soademiter sjen moatte om fan jo krêft yn jo enerzjy te rûgeljen.
En as jo dan yn dy enerzjy bedarre binne, dan meitsje jo in efficiency-slach yn jo tinkpatroan, banne de stressgedachten út'e holle, want gedachten binne mar gedachten en dy kinne dus ôfdien wurde as ûnnut. As dy gedachten ôflein binne en jo ôfdaald binne yn josels, dan komt it "ik-wêzen" foar it ljocht. Dy "ik" is ûngefoelich foar hokfoar foarm fan oardiel dan ek, lit har neat gelegen lizze oan dingen dy't neffens de noarm hearre te wêzen mar dat net binne en dy leit al hielendal net wekker fan in bern mei in knûpert fan in ADHD-stikker op'e lytse kop dy't de tinte thús, op skoalle en by oaren ôfbrekt.
Dy gedachteleaze "ik" stiet dus wer hielendal yn har enerzjy. Jaaaaaaaaaaaaaaa. Begripe jo it noch?
Wat in geswam.
It docht my tinken oan in psycholooch dy't ea tsjin my sei dat ik by akkute stress, as bygelyks myn dochter mei in skjirre de gerdinen te liif gie, in resyntsje pakke moast (ja, echt!), dat earst wiidweidich besjen en befiele moast om my bewust te wurden fan de foarm en kleur en it dan hiel oandachtich opkôgje moast. Dat hiele proses moast tweintich menuten duorje. Dat wie 'mindful', sei dy knakker. Me-time dus.
Ik ha dy man ris op en del oansjoen en sein dat soks net echt by my paste.
Hoe't it ôfrûn is? Ik ha net wer by dy keardel west en bin by dochterleaf gewoan efkes út'e slof sketten.
De gerdinen hingje noch altyd en de knipkeunsten wurde no allinnich noch fertoand by har poppen en har suske...

1 opmerking:

  1. Hahahaha, 'Me-time'. Ik sil it ek ris foarstelle, hjir thús! En hoefolle gerdinen en oar guod giet der wol net nei de filistinen wylst je tweintich menuten 'mindfull' mei in rezyn dwaande binne. Wa soe sa'n idioat advys opfolgje, dêr bin ik dan ek wol wer benijd nei.

    BeantwoordenVerwijderen