maandag 24 oktober 2011

"Wy bin net lulk fjidder"

Gelokkich. It reedrydseisoen is los. Dus wurdt der wer praat oer de lytsere en gruttere toernoaien dy't op kommende wei binne. Machtich. Genietsje ik fan. Sit ik wer mei de panne op skoat foar de tillefyzje, foar safier't de tiid dat talit.
Yn'e media binne se fansels ek net gek, de Ljouwerter kaam sneon al mei in moai grut ferhaal op de foarside fan de Regio. It hie mei de sport op sich net iens safolle fan dwaan, as wol mei de sfear der omhinne. Want, sa ha in pear ûndersikers útfûn: de grutte toernoaien lûke net genôch minsken. Of better sein: der komme genôch, mar it publyk fergrizet. EN DAT KIN FANSELS NEA DE BEDOELING WÊZE.
Nim my net kwea ôf dat ik efkes begjin te balten, want leau my, kinst my finaal fan it behang skraabje mei sok dom praat. Dus grize dofferts ûnder myn lêzers: jim meie net mear nei it reedriden, want de jongelju moatte derhinne. Grize koppen binne langer net mear tastien. En dêr ha dy ûndersikers en it reedridersbûn wat op útfûn. Lês en huverje:
- De 5000m is útsoarte net sa leuk, dus dy ride wy tenei earst en dêrnei de 500m, want dat biedt wat mear spektakel. Ik freegje my ôf hoe't de riders dêr oer tinke, want kwa tarieding ferget it nochal in oare oanpak liket my, mar goed.
- Der moatte twitterkwoots op grutte byldskermen oan it publyk toand wurde, mochten se har dan al wat ferfele, dan kinne se altyd noch lêze wat buorman krekt op syn blackberry (as dy dan wer wurkje) delkwattele hat.
- Der meie gjin interviews dien wurde, want minsken wolle hosse en sjonge en wolle dus net witte wat der spilet yn it kopke fan in sporter. Hjir kin ik ynkomme, want yn de measte kopkes spilet ek mar in ferhipt lyts bytsje en de measte ferslachjouwers ha ek net foaroan yn'e rige stien doe't it ferstân omparten waard, dat dy stelle gjin fragen, mar miene dat der op in simpele opmerking (het ging niet hè?) in hiel ferhaal komt. Yn it plak foar dy ynterviews komt der in spesjale parsekonferinsje foar bern. Is tink ik ek net mei de riders en rydsters oer praat wurden.
- Ûnder dy ferskuorrend langtriedderige 5000m en 10000m moat der muzyk draaid wurde. Fan dy deade, waardeloaze trije-lettermuzyk fan in bandsje. Want dan fermakket it folk him teminsten, wylst de riders harren deadlik saaie rûntsjes draaie.
- De huldiging moat pimpt wurde, de belslide is te âlderwetsk. Ik sis hjir fierder mar neat op, liket my oerstallich.
No wol ik net seure, mar as jo je ôffreegje wêrom't jongelju net komme:
a) dy moatte de hiele dei oppas regelje en dêrby ek moannen garje om dy rottekrûddjoere kaartsjes te beteljen
b) dy hiele toko sit ôfladen mei sponsoren en oanferwante meilifters, dy't hoegenaamd gjin ynteresse ha yn it reedriden, mar wol yn de hiele bedjêrderij-op-in-oar-syn-kosten deromhinne. Dêr wol ik ek net tsjinoan sjen, al hoe jong at ik ek bin. En as woe ik it al, der binne gjin kaarten mear te krijen, want dy lju dy't ik krekt neamde nimme nochal wat romte yn.
c)Der wurdt it hiele winterskoft omtrint alle wykeinen riden. Dat is wiidweidich op tillefyzje, dat sels ik bin it yn maart grôtsêd.
Kinne jim my dan noch, ûndanks alle beswieren, noch nei Thialf krije? Jawol hear. As der dan dochs muzyk draaid wurde moat, dan graach live in band op it middenterrein. It Blauhústerkarnaval mei dan wol oergean, set De Hûnekop der mar del. En graach iepenje mei it nûmer "Wy bin net lulk fjidder".
Oh ja, as tajefte graach foar dat ploechje djoere jonges op'e sponsorplakken: "Brúnwurker". Dan kom ik sekuer!

Geen opmerkingen:

Een reactie posten