woensdag 2 november 2011
Fryske Anjer
Krekt siet ik efkes op'e webside fan de Omrop. Seach ik dêr it berjocht dat de Fryske Anjer útrikt is.
Yn it ferline ha minsken as Rients Gratama, Jos Thie en Baukje Wytsma dy priis alris krigen. Yn 2010 wie de Anjer foar keramykmuseum Princessehof. Poerbêst, nei myn idee, want dit binne minsken/ynstellings dy't de Fryske kultuer en tradysje in waarm hert tadrage en dêrmei ek de boer op geane. It Frysk, de Fryske folksaard en folksskiednis komme sa ta har rjocht en wurde op in geweldige wize ûnder de minsken brocht. It binne ek minsken/ynstellings dy't net fan juster binne, mar al jierren foaroan steane yn har fakgebiet.
Dit hiele relaas hâld ik net foar neat fansels en soe ik ek net hâlden hawwe as de Fryske Anjer dit jier net útrikt wie oan immen dy't noch mar amper droech efter de earen is en hielendal neat Frysk-eigens útdraacht.
And the winner is... Elske DeWall. Ik kin der mei myn boereferstân net by: amper 25 jier, ien as twa kear in ferske yn it Frysk songen en fierder al jierren dwaande om troch te brekken, mar mear ek net.
Hat in plaat opnommen yn Amearika, wêr't Fryske artysten dat meastentiids gewoan yn Fryslân dogge. Sjongt ek yn it Ingelsk en yn in sjenre dat ek mar min "Fryske kultuer" te nimmen is, omt it trettjin yn in dozyn is.
Gelokkich hat John Jorritsma dat ek wol yn'e rekken en dus krijt se de priis as "stipe foar har muzikale karrière". No, doch my sa'n stipe fan 2500 euro: ik draach ek op myn eigen wize en tige entûsiast by oan de Fryske Kultuer, al is it allinnich mar troch alle moannen de Wis In fol te kalkjen mei ferhalen oer keatsen en keatsskiednis.
As wy dan de Fryske kultuer in waarm hert tadrage wolle mei in Anjer, jou dat ding oan Die Twa, dy't nei it songfestival wolle, mar dan wol yn it Frysk. Jou him oan Jacco de Boer dy't it Fryske Cash projekt opsette. Jou him oan Klaas Jansma, dy't net allinnich as ferslachjouwer de Fryske skûtsjekultuer útdraacht, mar ek in weareld oan moaie boeken makket oer sport en kultuer yn Fryslân. Ik neam mar efkes de skûtsjebibel "Troch de Wyn", dy't koartby útkaam. Jou him oan Rieks van der Velde of Klaas van der Woude, dy't de Fryske brassbandkultuer yn Europa ek heech hâlde. Sûnder subsydzje fan de provinsje ek noch.
Koartom, kandidaten genôch, mar Elske? Nee, mei alle respekt, mar hoe serieus nimme jo josels dan noch as Bernhard Cultuuerfonds?
De Fryske Anjer giet dit jier nei Elske DeWall. It Prins Bernhard Cultuurfonds rikt alle jierren in Anjer út oan persoan of ynstelling dy't him ynset foar de Fryske kultuer of natuer.
Labels:
Anjer,
Cultuurfonds,
Elske DeWall,
kultuer,
Rients Gratama
Abonneren op:
Reacties posten (Atom)
It Prins Bernhard Fûns. Is dat net dat fûns dêr't ferienings foar troch de doarpen toffelje moatte te ponkjerinnen en fan de opbringst sûnt in jier as wat net mear as 10% sels hâlde meie?
BeantwoordenVerwijderenIk seach dêr ek fan op. No is popmuzyk ek net myn ding fansels, mar likegoed...
BeantwoordenVerwijderenOkkerjiers krige Hindrik v.d.Meer de priis en dat fûn ik mear as fertsjinne, dy hat in almachtich soad dien foar de Fryske kultuer.
Ik fyn dit gewoan gek oanstekken. Dat famke sil wier op har manier wol kultuerdrager wêze, mar mei Frysk hat it neat fan dwaan. It wurdt no brûkt as in soarte fan oanmoediging foar immen dy't noch oan it begjin stiet en miskien ea wolris wat bekender wurde sil. Ik tocht dat de Anjer útrikt waard foar de fertsjinsten.
BeantwoordenVerwijderenEn ja, datselde fûns moatte wy as korps alle jierren foar toeterje yn ien fan'e doarpen. Rinne wy fan hoeke nei hoeke om dêr in marske te blazen en wilens de ponkjerinders by de doarren del...