Hjir in eintsje it tsjerkepaad del wennet in frommeske út Yndonesië. Wêr krekt wit ik net, mar dat is ek net fan belang. Se is trout mei in Hollanner en wennet hjir no fiif jier. Ik hie it hiele minske noch noait sjoen, oars net as achter it rút, dêr't se wakker nei my swaait as ik mei de hûn foarby rin.
Sosjale kontakten hat se dus eins net. Mar dat feroaret sa stadichoan wat, want harren âldste famke sit by ús jongste yn'e klasse. En dus moat mem alle dagen mei har op'e fyts nei Bitgummole. In hiele ûndernimming, want it minske koe fansels net fytse, mar it wurdt stadichoan better, al ried se fannewike noch al de berm yn, doe't se nei ien swaaie soe.
Se knopet ek alris in praatsje oan. En ik praat werom, want ik bin dan ek wol wer wat nijsgjirrich fansels. Fannewike frege se my of't ik har famke tusken de middei wol meinimme woe, sy moast mei de jongste nei it konsultaasjeburo. Fansels, altyd klear. Âlde wie my sa tankber, dat se kaam mei in pûdfol loempia's om my te betankjen. "Ik zelf maken, jij eten?" Se hie my goed sketten, want ik bin in omnifoar, dat soks giet der altyd yn.
Sa stiene wy noch efkes in pypfol te praten. Ik mei dat pûdfol loempia's yn'e hân, sy tsjok ynpakt tsjin'e kjeld. De Nederlânske taal fynt se noch wat dreech, dat it wie sykjen om ûnderwerpen.
Doe kaam kat Oebele foarby. In grouwe, reade boarre. "Is jouw poes?" No ja, ast it sa neame wolst, ja. "Jij meer poesjes?" Doe siet ik efkes raar yn'e knipe. Want ik hie noch in reade kat, Eelke, mar dy is al in skoft poater. Ik seach nochris nei myn loempia's en sei dat ik mar ien kat hie. Doarst ek net te freegjen of't sy dy oare sjoen hie. Foar itselde siet er yn stikjes yn myn loempia. Je witte wat se sizze fan sok iten no?
Mar goed, ik ha de lêste pear loempia's krekt efkes opbakt en alderhearlikst fan iten. Lekkel!
En Oebele hâld ik mar wat yn'e gaten. Net te lang fan hûs...
Geen opmerkingen:
Een reactie posten