Ik ha in skoftsje stil west. Net omdat ik neat te melden hie, mar om't ik net wist wat ik melde woe. Der is safolle om oer te seuren. Ik sjoch net yn wêrom't wy yn dit lân 130 ride moatte en dêr ek noch ris wit ik hoefolle jild oan spendeare. Ik ergerje my oan dy achterlik hege boetes. 350 euro foar in kear toeterjen, foar de helt fan'e priis kinne jo tweintich kilometer te hurd ride yn in doarp. Liket my gefaarliker.
It is stom dat wy opdraaie foar finansjeel wanbelied yn oare lannen, wylst hjir wat langer wat mear besunige wurdt oer de rêch fan minsken dy't dat net drage kinne. Ûnsin dat mennedzjers knoarren fertsjinje en dat se dêrfoar de minsken op'e wurkflier de doar útstjoere, of oer de kling jeie.
Ik kin der net oer dat hjir foar wit ik hoefolle ynfesteard wurdt yn in net helber projekt dat kulturele haadstêd hyt, wylst der normaal foar keunst en kultuer hoegenaamd gjin jild te finen is.
Belachelik is it, dat der sa lang ouwehoerd wurde moat oer Thialf, wylst men yn oare parten fan ús lân wit ik hoefolle beskikber stelt om in fuotbalklub yn libben te hâlden. Wy witte allegearre hast wol dat PSV gjin sinten hat. Ik neam mar wat. Ja, as Thialf nei de rânestêd ferhuzet, dan kin it wêze dat der in potsje mei sinten fûn wurdt.
Dus. Sa binne der noch withoefolle dingen. Te folle om op te neamen. Ha'k it noch net iens hant oer it folslein belachelike systeem fan de fettaks. Krije wy aanst ek jild werom as wy in bak sla helje?
No, sa sawat. Je soene der negatyf fan wurde en dat wol ik net. Dus blogde ik net. Dan witte jim dat efkes.
Mar meikoarten wol wer hear, net oer ynsitte.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten