Juster hie ik my foarnommen om net te seuren. Hjoed doch ik it dochs. Om't it moat. Want hjoed is de term "kinderpardon" yn it nijs kommen.
Op sich begryp ik dat jonge asylsikers, dy't hjir opgroeid binne, eins net yn goed fatsoen werom kinne nei it apelân (excúsez le mot) dêr't se wei komme. Poerbêst. It idee komt fan GrienLinks. Is ek net hiel nuver, plannen mei in licht sosjale ynslach komme no ienkear net fan rjochts. Spitigernôch hat rjochts yn dit lân altyd noch foarrang, mar dat is wer in oare diskusje.
It "kinderpardon" is dus in linkse proefballon, oplitten troch it Twadde Keamerlid Tofik Dibi. Dat wol sizze, betocht troch de tinktank fan syn klupke, mar as ynboargere allochtoan mocht hy hjir it wurd oer fiere. En wat seit dy sûch tsjin de lanlike parse: "Als je kinderen terugstuurt, die hier zijn opgegroeid en hier naar school zijn gegaan, dan is dat een stukje menselijke kapitaalvernietiging". En doe stjoerde ik myn autootsje omtrint de berm yn. Hallo! Menselijke Kapitaalvernietiging. Wolle jo dy wurden efkes útsprekke, priuwe en yn jo omgean litte? Net kokhalzje, efkes flink trochsette. Ik bedoel mar. Niks soasjale ynslach, neat minslike gefoelens, neat meilibjen mei meiminsken. Wy litte dy bern aanst net bliuwe út minslikheid, mar om't se hjir op skoalle sitten ha en dy stakkers dus de plicht ha om harren opdiene kennis en kunde oan ús mienskip ten goede komme te litten.
Kapitaalferneatiging: jild oer de balke smite. Minder wurdich wurde. Ontwaarding dus. Der wurdt hjir in wearde keppele oan minsken. Sjogge jo it foar je: jonge asylberntsjes (of sa't jo wolle, wy allegearre) mei in priiskaartsje oan it ear, mei dêrop it bedrach dat wy wurdich binne. Sa'n berntsje is fansels net it measte wurdich, folle minder as jo en ik en fansels noch folle minder as in "hoogwaardigheidsbekleder" as Tofik Dibi. Mar in tûzentsje as wat kinne der wol op: in pear tûzen foar skoalle, in pear tûzen sûnenssoarch op kosten fan de oerheid, in pear tûzen húsfêsting (ek op kosten fan de Oerheid en Oermem yn De Haach). Koartom, dat smite jo net wei.
No't ik dêr sa oer neitink, der binne in knoarre wurden dy't op minsken slane en it wurdt "waarde" yn harren ha. Waardefol, Waardeloas, Waardich, VerWaardigen (jo fine dus dat immen of eat wat wurdich is), Ontwaarding, Waarderen en gean sa mar troch. Mei opsetsin ha ik de Nederlânske term "Waarde" brûkt, om't yn it Frysk de wurden wat mear fan elkoar ferskille en dus wat minder dúdlik binne. Hoe dan ek, it opplakken fan in wearde past net by minsken. Freegje jo mar ris ôf hoefolle of't jo wurdich binne. It wringt, it skjirret oan alle einen en kanten. Minsken binne fan ûnskatbere wearde. Ek as it asylsikersberntsjes binne, dy't ús as mienskip sinten koste ha. Nim har harren gefoel foar eigenwearde net ôf. "Kinderpardon"? Sa lang as GrienLinks, troch de wurden fan Tofik Dibi, praat oer "Menselijke Kapitaalvernieting", past hjir mar ien reaksje.
"Verontwaardiging"!
Geen opmerkingen:
Een reactie posten