Ûnderútsakke yn myn âlde treningsbroek en in slobbertrui hingje ik achter myn laptopke. Krekt ûnder de dûs wei: ik ha de earste krystdei fan my ôfspield. Net dat der sa'n soad mis mei wie foar my. Fannemoarn moai spile mei it korps, ek al sloegen myn beide famkes elkoar ûnderwilens de kop yn. Dat koe, want mem siet yn it korps, dus se hiene gjin begelieding. Hulde oan it âld minske dat de froulju dêrnei ûnder har hoede naam. It skeelde aardich yn it 'frede op ierde' gefoel, dêr't dizze dagen dochs foar bedoeld binne.
Fannemiddei kryst by pake en beppe en dus folslein blastich fretten oan fleis, slaad, beantsjes, trije soarten ierdappeltsjes út'e frituer en fansels noch in lekker stik iis. Geweldich. Dat is kryst. Dat is al jierren sa. We triuwe de tún en it hûs fol ljochtsjes, kearskes, krystballen en wit ik wat al net mear. Lade de kuolkast ôf mei fretterij en sûperij en gean ús dan twa dagen te bûten oan alle bûtenissichheden dy't wy mar benei komme kinne. Leafst krystjûn mei de fromme kop yn tsjerke. De oprjochten bedoel ik hjir net mei. Mar wol dy hiele bups hippe húshâldingen dy'st oars op sneintemoarn net sjochst, om't se de bern ûnder foar de tillefyzje ha, wylst se sels har wykliks ferplichte moarnswip meitsje. Sokke sitte mei de krystnachttsjinst foaroan. Krystkleantsjes oan, hierkes yn krystmodel knipt en kleure, der is fergemy by gjin kapper noch in plakje te besetten as je tafallich écht nedich oan in snoeibeurt ta binne.
Kryst 2011. Ik wie net yn'e krystnachttsjinst, wylst ik oars wol 'fyn' bin. Mar de klokken koene mei net lokje juster. Ik hie de bern op bêd prakkeseard en de hiele dei in sin as in baarch. Dat sadwaande.
Kryst 2011. Wylst it gros fan de minsken de kryst yn materiële saken útdraacht, wurde yn Nigearia withoefolle minsken deadien by oanslaggen. Siket Noard-Korea wanmoedich om in nije diktator. Binne der yn Afganistan wer in nust deaden fallen by in oanslach. Knalt in âld nút yn Italië trije fan syn famyljeleden dea. Wurdt yn Rijswijk in jonge fan 14 yn'e hûd stutsen troch ien fan 19, om't er in rûzje útprate woe. Wurdt yn Rotterdam in keardel leksketten yn in kafé.
Frede op ierde.
It berntsje dat 2012 jier lyn yn Bethlehem yn'e kribbe lei hie it sa hiel oars bedoeld. Dochs?
Dat stukje moest in alle talen vertelt worden zodat de mensen hunzelf kunnen horen en zien. Er ligt een dikke waarheid in.
BeantwoordenVerwijderen