Wy hiene it witte kinnen. Al doe't Balkenende en letter Rutte sa ynlik gesellich mei de Amearikaanske President sieten te kofjedrinken. Nederlân moat feramearikanisearre wurde. En rap in bytsje.
Earst al koene wy sjen dat alles hjir grutter en grutter en grutter moat. Groeie om de groei. Dat is de ideology fan de kankersel, ha'k alris earder sein, mar it is wol it ideaal fan ús behyplike lantsje dat eindelik ris ôf wol fan it Calimero-kompleks. Wy binne lyts, mar tinke ús och sa grut en wichtich.
Dêrom steane wy foaroan as der earne yn'e wrâld problemen, meastentiids feroarsake troch Amearika, oplost wurde moatte. Dêrom moatte wy as Nederlanners massaal it safolste rib út ús liif snije litte, as der earne yn it grutte Europa de sinten op binne.
Dêrom ride wy aanst 130km yn'e oere op sneldiken dy't eins te koart binne om dy snelheid te heljen. Dat soks ek nochris in fermogen kostet, sljochtsje wy foar it gemak mar efkes oer. Dat der mear deaden falle prate wy ek net oer: earne oars meie wy ommers noch mar 60 en dat skeelt wer in pear deaden. It iene heft it oare moai op.
Dêrom wurde de riken hjir hieltyd riker en de earmen hieltyd earmer. Om mei te kinnen mei de lannen dy't der op wrâldnivo echt ta dogge, is it fan it grutste belang dat wy ek ús eigen poarsje skrinende earmoede hawwe. De 'voedselbanken' sjitte as poddestuollen út'e grûn. Grutsk binne wy dêrop, want sa kinne wy wer sjen litte hoe goed as wy mei dy earmoede omgeane. Yn in lân dat dochs bekend stiet as tige ryk, soe soks net nedich wêze moatte, dat fynt elk, mar alles fansels om oansluting te hâlden mei de tinkwrâld fan de wrâldmachten.
Dêrom, minsken, wurde ús soasjale foarsjennings oan't op it murch ta ôfskrabe. Net mei in tsiisskaaf, sa as dat altyd sa eufemisearjend sein wurdt, mar gewoan mei in stompe bile. As in bytsje in bytsje helpt, helpt in bult in bult. Krekt Amearika dus: dêr moat elts fjochtsje foar it Heitelân, mar docht datselde Heitelân neat as jo ris yn'e lapekoer bedarje.
Noch in pear jier, dan rinne wy allegearre sûnder gebit. Wy litte it der stadichoan útrotsje, om't wy de toskedokter net mear betelje kinne. Dy mei sels ommers syn tariven bepale en no't dat safier is, sizze de soarchfersekerders: sorry, dat wurdt ús te djoer, jim moatte it sels mar bybetelje. Dat wy al ekstra betelje foar de oanfullende fersekering foar in toskedokter, dat telt net. Dat ús eigen bydrage foar de basissoarch ek al mei fyftich euro ophege is ek net. It duorret noch mar in skoftsje, dan moatte wy ús eigen chemo betelje as wy ús in nust tumoaren smookt hawwe. Of in slach yn'e rûnte sûpt hawwe. Dan moatte wy sels de kosten betelje as wy efkes net goed útseagen by it oerstekken en dus fan'e sokken riden binne troch ien as oare mennedzjer yn syn poaierbak. Dan moatte wy frouljusdokter en kreamsoarch sels betelje, om't wy de bern ek sels ynelkoar neukt hawwe.
En dit alles meie wy ússels net te bot oanlûke, want in depresje kinne wy finansjeel net mear oan: der moat ommers earst nochris 200 euro ekstra betelle wurde, ear't wy fan ús psychyske klachten ôfholpen wurde kinne.
Ien ding ha wy foar: om't wy aanst allegearre fêste klant wurde by de voedselbank kin dy fettaks wol yn'e prullebak. Falt dat wer in slach ta. Skeelt wer in depresje.
Nice nijs.
BeantwoordenVerwijderenEn wat ek skeelt yn'e depresjefaktoaren: dat ús djoerbetelle pensioen nei gychem giet hoege wy ek net mear oer yn te sitten. As wy gjin behanneling mear betelje kinne, binne wy wol dea ear't wy fan Drees krije.
BeantwoordenVerwijderenSkeelt fergrizing. Nederlân wurdt stadichoan riker.
Deze reactie is verwijderd door de auteur.
BeantwoordenVerwijderenEn we skowe ek aerdich wat jild nei de Grieken.. Sis mar oan 'e foarkant begnibbelje op alles en oan de efterkant de kraan wagewiid iepen sette. Wat binne wy bliid mei de Euro..
BeantwoordenVerwijderen