It is hjoed gedichtedei. Dan kin ik fansels net efterbliuwe. Dizze kaam juster boppedriuwen, doe't ik in âld minske foar de lêste kear nei de deibesteging riedt. Tenei bliuwt se yn it fersoargingshûs, se kin it net earlik mear foar elkoar hâlde...
Ronfelich, reafallich it kopke
De eagen
Fertoarke, in flues, mear net
Roeiket se sêft widzjend
De dizige delten fan har bestean yn
Oan’t it snileguod oan’e kanten reauntet
'kom mar, har. Kom mar mei'
En se oan wâl giet, oan’e oare side.
Ik hoopje har noch alris wer te moetsjen.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten