Oan't safier. Want ik krij aardich myn nocht fan dat bledsje. Dat se Sietske H. yn'e kop fan in artikel betitelje as 'babydoder' (LC, 17-11-2011) fûn ik der bygelyks fier by troch. Dat der okkerdeis in pear berntsjes dea fûn wiene yn in fekânsjehúske yn Terwolde en mem dêr ek swier ferwûne lei, fertelde de LC ús al: 'moeder doodde kinderen Terwolde'. Sjoch, as jo sa fier de Telegraaf-styl hantearje wolle, dan heakje ik ôf. En mei my in hiel soad minsken. Se ha dat by de LC letter op harren webside noch al nuansearre mei in 'vermoedelijk', mar doe wie it leed al dien.
Mar no ha se it dêr yn Ljouwert definityf by my bedoarn. It hat ferzen en dus wurde der riderijen útskreaun. Machtich. Sy wolle dêr yn harren bledsje de gelegenheid ta jaan om foar jo wedstryd te advertearjen. Ek poerbêst. Mar om no, drekt boppe-oan de rou-advertinsjes in eigen advertinsje, kompleet mei swarte râne te setten...
_________________________________________________
HARDRIJDERIJEN
IJSADVERTENTIES
bestemd voor de krant van de volgende dag
kunnen worden opgegeven tot 17.00 op
________________________________________________
Ik bin net altyd like fyn fielend, mar no bin ik der wol klear mei. Pynlik foar de minsken dy't in rou-advertinsje yn'e krante stean ha. En ik hoopje foar dy earme, goedmienende, iisklubs net dat se ek it famyljeberjochtetaryf fan de LC hjirfoar betelje moatte, want dan binne se fuort blut.
Moarn belje ik nei Ljouwert, ik jou de moed op. It Friesch Dagblad kin it my wol dwaan!
Geen opmerkingen:
Een reactie posten