Myn âldste brocht my der krekt foar iten fan op'e hichte dat it moarn Falentyn is. Oh ja, hoe koe ik it oer de holle sjen. Ik bin net sa'n stjêr yn datums en soksoarte nijmoadrige, Amearikaanske oanslaggen binne al hielendal oan my net bestege. Mar afijn, ús Gees hie op skoalle fan master leard wat Falentyn ynhâldt en ek hoe't jo dan de persoan dêr't jo 'op binne' dat witte litte kinne. Sûnder dat dyjinge derefter komt wa ast sels bist fansels.
Oan't safier. Want dit witte jim sels ek, nim ik oan.
It moaiste is, Gees is noch mar acht en as mem miene jo dan dat se harren mei soks noch net dwaande hâlde. Ik al teminsten. Mis! Gees is ek 'op ien'. Sa krekt foar iten wol se my fansels net fertelle wa't dat dan is, mar ûnder iten wurdt se hieltyd drokker. Op't lêst seit se: 'mem mei it wol witte hear, it is....'. Oeh hea, dy sit al yn groep seis en is al tsien. Mar oars net in minne jonge. En och, it kin ommers noch oerbetterje? It kanon noch mar net yn'e tún.
Ûnderwilens kleuret myn wyfke yn in tint read dy't ik net fan har ken. En dan komt it. Se wol dy jongfeint moarn in bryfke taskikke. Sa temûk yn syn jasbûse triuwe as se efkes in loopke nei it húske makket.
It iten wol net rjocht mear mei har. Mei lijen skoot se de lêste happen boerekoal nei binnen, dankt en sjit fan tafel. Se pakt pinne en papier en tinkt djip nei. Wat moat se opskriuwe? Op't lêst giet it oan en grutsk triuwt se my it resultaat fan har krewearjen ûnder eagen. 'Ik vind je lief. Van je stille aanbidder'.
Alderleafst, mar ik moat der bliksems om tinke dat ik net begjin te laitsjen. Se plakt der ek noch in moaie stikker op en tekent der wat hartsjes by. Dan ynienen fljocht se nei it húske. Nei in skoftsje komt se werom en suchtet dan: 'Mem, ik moast ynienen poepe en ik bin sa senuweftich, dat de damp kaam der ôf'.
Ik hâld my de lea stikken. Net gnize, dit is in tige earnstige saak.
Bin benijd hoe't it moarn ôfrint.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten