vrijdag 16 maart 2012

Hoesa Frysk Sportgala?

Justerjûn nei it Sportgala Fryslân west. Yn Sportstad Heerenveen. In knoarre pommeranten en wannabe's omstuiterjen sjoen. No bin ik bepaald gjin pommerant en al hielendal gjin wannabe, mar om't it boek Fryslân Sportief dêr oan'e winners útrikt waard en ik my it skompes wurke ha om dêr in moai boek fan te meitsjen, mocht ik derby wêze. By it gala dus, want der sieten fierder foar my gjin plichtplegings oan fêst.
Ik hie twa kaarten, dat ik ha mem efkes út Frjentsjer wei opskarrele en tegearre setten wy op it Fean ta. Yn ús Tenue de Ville, want dat wie de dresscode. It hat efkes googeljen koste om út te finen wat sa'n Tenue de Ville no krekt wie, mar ik hie al moai gau yn'e rekken dat it mei myn deistige dracht fan spikerbroek en Sweedske klompen net ta koe. Yn'e sneinse pronk dan mar.
Se hiene der goed wurk fan makke, dêr op it Fean. Froulju yn lúkse, suver showballeteftige, kostúms wachten ús op, der stiene rûnom paadwizers yn al like lúkse útrissing en fansels waarden ús jassen oannommen. Sjiekdelala dus. Der gie my foarsichtich in ljochtsje op oer it fierdere ferrin fan de jûn.
Doe seach ik de nominearre sporters en sportsters. Ploech: de nasjonale shorttrack-seleksje fan mânlju en dy fan 'e froulju. En de reedridersploech fan BAM. Útsein in pear Fryske dielnimmers yn dy ploegen fierder neat Frysks oan. De sportfrou: Ireen Wüst (wennet tafallich op it Fean, fanwege de iisbaan), Margot Boer (ok, hat ek in Fryske freon oan it hantsje dy't skûtsjesylt) en Marrit Bouwmeester. Gelokkich, ús Marrit (in efternicht fan my) wie der ek by en se wûn aldergelokst ek noch). Sportmânlju wiene al Frysk. Fansels de frijwilligers ek en fansels de nominearden foar de priis fan Fryske Sporter (dy't dus skûtsjesile, fierljeppe of keatse) ek. Dat foel dan noch ta.
Wy ha ek Fryske flagen sinjaleard. En shows mei mânlju en froulju dy't yn knopen koene dêr't in normaal minske allinnich operatyf wer úthelle wurde kin. Mar fierder? Presintaasje troch Twan fan Piperstrjitten. Hollânsk dus. Priisútrikkings troch Fryske pommeranten, dy't net in bekfol Frysk seine op it poadium. De priiswinners sels ek net. Wie blykber sa ôfpraat. It koe fansels net yn dat boerefrysk, dat soe de grandeur fan it bobofestijn net ten goede komme. Gelokkich wie dêr 'ús Wiebe'. Wiebe Wieling, troch Fan Piperstrjitten konsekwint oanroppen as Wielinga, mocht de priis útrikke oan de Frysk Sporter. Oan Bart Helmholt, de fierljepper, dus. Gelokkich. Want 'ús Wiebe' die dat yn it Frysk en hy wie dêrmei de ienige dy't him net ferliede liet him te ferbrekken. Wat my oanbelanget it hichtepunt fan'e jûn Hulde!
Oh ja, 'ús Lutz' wie der ek. Epke Zonderland krige fan har syn Pim Mulier-byldsje oerlange. En trije tuten der oerhinne. Hoefolle mânlju soene him dat neisizze kinne?
Oare jier is der wer sa'n oeheden. Bin benijd of't se it wer sa dogge. It hat mei Fryslân in ferrekt lyts bytsje fan dwaan.

1 opmerking: