Ik wit net of 't jim it al witte, mar de ferkearing fan Syb en Adriana is út. Dat lêze wy op Omrop Fryslân. Dat meldt ús de Telegraaf. Dat fertelle se by RTL Boulevard.
Syb is dus dé Syb. Van der Ploeg dus. Fan De Kast. En Adriana? Dat is Adriana von Banisseht fan Wytgaard.
Se soene 18 maaie oars trouwe, mar dat feest is ôfblaasd.
Ik fyn it skande. Foar Syb en Adriana. En harren famylje. Je sille mar sa wiidweidich neamd wurde om 't je ferkearing út is.
Adriana ha ik in jier as sân lyn in pear wiken mei oplutsen, doe't wy beide workshops diene by Tryater. In alderaardichst fanke. Fleurich. Kreas, foar safier as ik doel oer froulju ha. Ik ken har dus fierder persoanlik net, want wat witte jo no fan elkoar nei in in pear wiken yn in sebeare-wrâld as dy fan it toaniel. Mar se like my goed folk ta.
Syb ken ik al hielendal net. Ien kear ris ynterfjoed foar it Friesch Dagblad. Doe in stive nekke oprûn, om't it in frijwat lang ein keardel is.
Se hearre dus net by myn freonen of kunde, mar dochs, ik fyn it skande dat it sa rint. Je planne gjin houlik mei de gedachte it wer ôf te blazen. Je binne dus net bliid yn sa 'n gefal.
Moatte je je eigen ellinde ek nochris werom lêze, hearre en sjen yn 'e krante, op ynternet, op tillefyzje en op 'e radio. Hearlik. Helje se ek noch in nust âlde kij út 'e sleat. Och sa'n genot. Sâlt op iepen wûnen neame se dat. It lot fan in bekinde Nederlanner.
Dat de Telegraaf en RTL-Boulevard har hjir oan besûndigje begryp ik. Mar de Omrop? Dy melde dochs de oare stikkenrûne relaasjes fan bekende Friezen ek net? Dy binne der oars genôch hear. Se kinne der wol in eigen rabbersrubryk opnei hâlde, dêr by de Omrop. Besparje ús dy ellinde.
Der rinne yn dit lân alle dagen houliken stikken. Der wurde ek alle dagen hantekens set ûnder akten dy't in ein meitsje oan in ferbining dy't twa minsken jierren earder mei safolle moed en fleur oangien binne. Hjoed ek wer.
Lit in oar dochs gewurde. Syb en Adriana, ik ken jim net, mar sterkte, want in relaasje dy't op neat útrint docht sear.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten