maandag 24 september 2012

Doch my mar in Kolchoz.

Hmm, sil ik ek wer ris blogge, no't de hjerst fan start is en ik dus legitym de kleden tichtlûke en in kearske oanstekke mei jûns? Ja. Kin ik wolris dwaan.
De lêste kear skreau ik oer de ferkiezings. Dy ha no west. Ik wit net wat ik moat gûle, as flokke. Wy sjitte der wer gjin flikker mei op. Mar wa kin de rotsoai noch oplosse dêr't wy yn sitte mei syn allen?
Ik soe it net witte. Minsken moatte trochwurkje oan't nei har 65ste, want men is benaud foar "arbeidskrapte". Tuurlik. Se bedoele: trochwurkje bliksem, dan hoege wy gjin AOW út te kearen en kinne wy langer gokke mei jim soer fertsjinne pensioenpreemjes. Fan arbeidskrapte kin gjin sprake wêze, der ha noch nea sa folle minsken wurkleas west as no. Elk sit yn'e sjit, liket it wol. Pensioen opbouwe dogge jo yn de lêste jierren fan jo wurkseme libben, mar tsjin dy tiid binne jo al lang ûntslein, omdat jo te djoer binne foar de baas. Trochwurkje oant nei jo 65ste is moai betocht, mar it ienige wat it regear der mei berikt is dat de útkearing net fan 'e AOW komt, mar fan'e WW. Mar dy wurdt flink koarte is it doel.
As jongere ha jo it hielendal dreech: HBO-diploma en âlder as 23: te âld (gjin jeugdlean mear) en te heech kwalifiseard foar oar wurk. MBO-diploma en âlder as 23: ferjit it mar. Jonger as 23: moai, jo kinne in hantsjefol tydlike kontrakten krije en bedarje dan op'e bank, omt der wer in nije MBO-er fan ûnder de 23 komt, dy't foar jeugdlean wurket. Sitte jo ien kear by it UWV, dan binne jo noch net klear: se wolle jo links en rjochts wurkûnderfining opdwaan litte. De beammen groeie yn'e himel, sa seit it bedriuw dêr't jo hinnestjoerd wurde. Trije moanne lang wurkje jo je in slach yn 'e rûnte. It bedriuw strykt subsydzje op, want it jout in wurkleaze ommers in kâns? Nei dy trije moanne kinne jo it wer ferjitte. It wurdt in 0-oere kontrakt, wat safolle betsjut as de stront oprêde as it fekânsje of wykein of nacht is, want dan binne minsken mei fêste oere te djoer) en fierder gjin rjochten en ek praktysk gjin oeren mear. Moai systeem, of net?
In hierwente besette falt net ta: de korporaasjes ferkeapje it measte. Mar in hypteek kinne je net krije op in 0-oere kontrakt. Logysk. 
Dit wie noch mar in lytse opsomming. Ik sil jim besparje wêr't jo tsjinoan rinne as allinnichsteande mem fan 36 mei twa bern, in HBO-diploma fan hast fyftjin jier âld, in hûs dêr't jo net ôf kinne, in 0-oere kontrakt en no en dan in freelanceputsje.
Ik wol gewoan wurkje godferdomme. Simpel sat. En net hearre dat ik "overgekwalificeerd" bin. Donderje in ein op. Ik wol ek wol komkommers plukke hear. Mei net. Dêr ha se in sekfol poalen foar oanrukke litten, dy dogge it foar minder as ús minimumlean. Joepie. Litte wy nochris in pear miljard nei earmlestige lannen yn'e Eurozone bringe. Litte wy bonussen tastean bliuwe. Litte wy de privatisearring fierder útbouwe. Litte wy der foar soargjen bliuwe dat de pensioenen fan politisy wol gelyk bliuwe. Litte wy besykje oft it ek better is om 135 ta te stean op sneldiken. Litte wy.... Jezus, ik wol wurkje. Ik wol ek bêst mear belesting betelje, as dat ynhâldt dat soarch en ûnderwiis garandearre binne. Je soene hast hoopje dat der ien as oare idioat mei licht kommunistyske ynslach besiket dit lân wer in soasjaal oansjoch te jaan. Ik wol in kolchoz. Of sa.

1 opmerking: