maandag 15 oktober 2012

Mei seks komt it wol klear

Wylst ik twitter lês en links en rjochts oanhearre moat hoe't de klad yn it Fryske boek kommen is, moat ik ynienen tinke oan it feest yn Tresoar, ôfrûne freed. Der wie ferlet fan goede boeken, by need fan oersettingen fanút in oare taal nei it Frysk ta. Dat waard ús goed oansein troch Looper van Tresoar, mar ek troch de sjueryleden fan de beide skriuwersprizen.
Om't it betiden hurder giet in populêr (ik sis mei sin net 'goed') boek oer te setten yn it Frysk, as sels in hiel nij boek te betinken en útjûn te krijen, tink ik dat ik de oplossing ha.
Wy begjinne jûn noch massaal oan de oersetting fan '50 Tinten Grijs' en dy oare beide boeken dêr't de titel fan begjint mei de wurden '50 Tinten'.  En wit ik wat foar eroatyske literatuer al net mear.
Dat smyt winst op op ferskate flakken. A) It Frysk wurdt tagonklik foar in hiele kliber jonge froulju, dy't oer dit ûnderwerp feestboeke, twitterje, hyve en by it skoallestek lulle. B)As de froulju thús fol sitte fan in hitsich Frysk boek, dan wolle de mannen der faaks ek wol oan. Dy keapje dan massaal de boeken fan Hilda Talsma, om't dat neffens Sietse in jonge blom is en dêr hâlde mannen wol fan. c) Karen Bies kin har hert mar ophelje om't se har net langer hoecht te ergerjen oan knoffelige sekssênes. It sprekt foar sich dat sy dan ek fan kleare blidens de folgjende Obe op eigen kosten en manneboet útrikt.
Fansels, hjirmei ha wy yn in sucht de Fryske taal as literêr uteringsmiddel rêden. En fuort ek de Obe Postmapriis foar de beste oersetting. No de Fedde noch in knappe ynjeksje jaan. Wa wit is pornoratuer it sjenre fan de takomst. Fryske seks. Dan komt it wol klear.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten