De âlde master Bruinsma dus yn it hol fan 'e liuw.
Ûnder it tasjend each fan Gysbert, Durk, Rink, Tiny, Walingom, Abe en noch in hanfol Fryske skriuwers waard der omraak praat en foardroegen.
Om't ik de measten fan jim dêr net troffen ha, no fuort dan, de Freule fan Mantgum wie der fansels al, jou ik jim hjir ien oersetting fan Bruinsma. De Nederlânske ferzje fan Van Wieren, it orzjineel dus, is ek skitterend hear, mar foar my is it Frysk fansels it bêste. En om't nije wike de Obe útrikt wurdt, in oade oan Bruinsma.
Tsjerke fan Jouswier
No't de libbenen har mije
Hoedet hja de dieden fan deaden
dy't troch fuotten oertrêde binne
en op roubuorden ferblikke.
Ik sykje de siel fan dit hûs,
gjin kearsen brâne hjir mear,
it oargel yn 'e kast. Om it dak
sjongt de hjerststoarm in requiem
Ik klim omheech oant de klok.
Yn in tizich nêst wachtet in aai
oft faeks eat oanfleane sil
om it wûnder jit te folbringen.
Mar wûnders binne de wrâld út.
Bûten oan de bline noardkant
leit poer allinne in bernegrêf,
de namme is net mear te lêzen.
Ik bin wiis mei it boekje. Spitich allinnich dat mar 28 gedichten fan Van Wieren oerset binne, it hie om my wol wat tsjûker mocht. En wat my it measte begruttet: as ik it iependoch, komme der tearen yn it omkaft. En dêr kin ik altyd mar min oer. Lykwols: hast net oan te ûntkommen as je in boekje lêze wolle.
Neitiid ha'k Bruinsma mar efkes thúsbrocht: jo litte sa'n âld man net by skimer troch Ljouwert skarrelje, op sneup nei in bus nei Drachten. Ûnderweis ha wy efkes de literêre aktualiteit bepraat. Hy wol nije wike hiel graach mei nei Tresoar. Wa hellet / bringt dizze master-oersetter efkes?
Fierder ha ik hjoed ek wer in pear dingen opstutsen:
- de ynhâld fan de fitrines yn de Gysbert Japiksseal is geweldich, ik soe alles sa wol thús ha wolle.
- de droege woarst wie alderferskuorrendst lekker
- cello spylje is in fak dat net elts like bot yn 'e fingers hat
Geen opmerkingen:
Een reactie posten