vrijdag 12 oktober 2012

Op 'e barrikaden

Projekt P. It klonk hast as alwer in oankundiging fan in feest dat geheid út 'e klauwen rinne moast. Dat hie fansels ek samar kinnen, mei in lytse fyftich skriuwers dy't yn aksje kamen tsjin it ferdwinen fan de Obe Postma- en de Fedde Schurerpriis. Mar wy binne yn Fryslân. Wy binne útsoarte mear fan de fatsoenlike, orizjinele protesten, as fan de fûle, hystearyske útspattings.
De prizen ferdwine, sei de deputearre. Mar "wy stekke as provinsje wol €75.000 euro yn it jier mear yn de Fryske literatuer". Tajûn, it earste wie de measten fan ús leau'k better hingjen bleaun as it twadde. Alleagearre ha wy ús it yl op 'e fingers typt om ús argewaasje blike te litten.
Hjoed kamen wy dan mei elkoar yn Tresoar. Geweldich allinnich al fansels, dat der sa'n mannichte minsken opkaam wie by de útrikking fan dizze prizen. Want litte wy wol wêze: in Obe of in Fedde winne, dat is in eare fan komsa, soks wolle jo graach mei elk wol diele, liket my.
Och en de rest fan de middei is by de oanwêzigen bekend. Elmar Kuiper klom op 'e stoel, die de oerstrûper út: in skriuwer dy 't yn syn himd stie. En hy begong foar te dragen út syn eigen wurk. En al dy oare skriuwers en skriuwsters giene ek stean. Net yn 't himd, mar al lûdop foardragend út al eigen wurk, of wurk fan in oar. Yndrukwekkend. It lûd fan de Fryske literatuer fulde de romte. It moat oan yn 'e fierste úthoeken, tusken boeken, kasten, stuollen en âlde lambrisearring trochkrongen wêze. Sa bot dat, mochten se dit gebou ea leechromje, der noch flarden fan Hilda Talsma, Ferdinand de Jong, Abe de Vries, Eeltsje Hettinga en al dy oaren, loskomme as lêste fleagen fan in lang ferfleine tiid.
Ik wit net of 't protest wat úthelje sil. Myn ûnderfining yn 'e polityk is dat in beslút, dat ien kear troch it kolleezje nommen is, troch in rie, of yn dit gefal, De Steaten, praktysk nea werom draaid wurde kin. Simpelwei om 't der yn it kolleezje in mearderheid sit. Dêrom. Dat hyt demokrasy. Mooglik dat skylk, as der wer ris Steateferkiezings binne, de brot opnij bepraat wurde kin, om't it dan elekoaraal ferantwurde is en politisy manmachtich Sinteklaaske boartsje, om't se sa minlike graach wer mei de kont op it plús wolle.
Oan't dy tiid moat de Fryske literatuerleafhawwer it, wat prizen oanbelanget, ha fan de kreative harsenkronkels fan in stikmannich befleine skriuwers dy't de nekke útstekke doare en brûs tsjin 'e ferdrukking yn de takomst temjitte. Want fersleinens past ús langer net. Se ha ús hearre kinnen. No moatte wy mei elkoar fierder. It past ús net de bal werom te keatsen nei Deputearre Steaten, want ik kin jim de útkomst fan it ferhaal dan wol foarkôgje.
Boppedat mient men dêr by Provinsjale Steaten dat it sûnder debutantepriis wol ta kin: dy is der ommers al yn 'e foar fan de Rely Jorritsmapriis? Dat foel my fiis ôf, dat deputearre Jannewietske de Vries net wist dat de Rely foar elk is. Dat it krekt de bedoeling is, dat 'zonder aanzien des persoons' sjureard wurdt op it bêste koarte ferhaal of it bêste gedicht. Dat der in Fryske skriuwer is, ik sil syn namme net neame, dy't omtrint syn hiele pinsjoen opboud hat mei Rely's. Se wist it net.
Dan ha ik no noch ien fraach oer: soe Klaas Bruinsma ek in gelegenheidskwatryn skreaun ha fannemiddei?

Geen opmerkingen:

Een reactie posten