Dat is alwer in moai hoart lyn, of net dan? Tsja, ik moast tusken de bedriuwen troch ferhúzje en ha fan gefolgen noch in skoft net online west. Doe wie de ynspiraasje efkes wei. Of better sein, it siet my wol efkes gebakken. Mar no rûn ik wer tsjin wat oan dat ik dochs wol efkes kwyt wol!
It is dochs godsamme ek net te filmjen? In artikeltsje op it AD dat ik lêze wol. Aksepteare jo koekjes? Nee danke. Ferskynt der opnij deselde fraach: jo seine dat jo gjin koekjes aksepteare. Akseptear koekjes. Ik skroll troch nei ûnderen. En wer fyn ik it knopke "foar my gjin koekjes". Klik it oan. Krij ik in grutte rjochthoek yn byld: jo krije no gjin tagong. Akseptearje koekjes! Ja, no moat it hjir noch moaier wurde. Ik akseptear gjin koekjes, in oar hat neat fan noaden mei wat ik besjoch op ynternet. Wat foar dom idee is dit, dat jo rotsoai foar elts mar sichtber wêze moat? Dêr wurdt moai wat oan fertsjinne tocht ik, dy koekjetroep. Foar my hoecht it net. Kin hjir net wat oan dien wurde?
Der kin hielendal gjin bliksem oandien wurde, Martsje. 'Mark Suikerbrood'Hat it sa útfûn mei syn banketbakkers en men drukt dy de koekjes moai troch de strot en as't gjin koekje wolst dan kinst moai ferreke. Big Eye wol wwol witte hoe ast ynkeapest en wat as dochste. De oplossing is net dielnimme oan it dataferkear en de social media!
BeantwoordenVerwijderen