vrijdag 8 maart 2013

Smyt dy bybs mar ticht...

In soad bibleteken moatte ticht. Dat lies ik krekt op 'e webside fan de Omrop.
In soad, dat binne der njoggentjin yn de regio Noardwest Fryslân. Dan prate jo oer de gemeenten Harns, Frjentsjerteradiel, Menameradiel, Ljouwerteradiel, It Bilt, Skylge en Flylân. Dat is in hiele lape grûn. En op dy lape wiene oant no ta de bibleteekfoarsjennings hiel aardich. Al wie der in pear jier lyn alris in bêste hap dien út it tal bybs.
No ha de gemeenten in ûndersyk dwaan litten (wat kostje al dy ûndersiken in slompe jild, mar dêr prate wy mar net oer) nei de mooglikheden om ris goed te besunigjen. Dat hâldt yn, dat yn 'e takomst allinnich Harns, Frjentsjer en Sint Anne noch in byb ha. Stiens bygelyks, kin der nei fluitsje. Ik freegje my ôf wat Sint Anne foar hat op Stiens, mar dat leit faaks oan my sels. Ek Dronryp rekket syn byb kwyt. En sa binne der noch santjin plakken, dy 't it yn 'e takomst dwaan moatte mei in lyts bybke yn in skoalle. Fansels moat alles rund wurde troch frijwilligers, want sa wurket it yn dit lân. Jo kinne as frijwilliger rûnom oan 'e bak en sa de maatskippij in knoarre jild besparje.
Mar affijn. Noch minder bibleteken dus. En dat wylst it neffens my just wol aardich goed giet: as ik yn Stiens yn 'e byb kom, en dat is omtrint alle wiken, dan is it der altyd frij drok. Alderein, bern, allochtoan en autochtoan troch elkoar. Boeken binne djoer en wy wolle elk graach oan it lêzen ha. No, dan moat der wat te lêzen bean wurde foar in skaplike priis. Dat kin, want foar de priis fan noch gjin twa nije boeken, bist in jier lid fan 'e bibleteek. Kinst yn Noardwest Fryslân mei ien lidmaatskipskaart yn alle bybs fan 'e regio liene en werom bringe. Ideaal. Sels ast efkes op it eilân bist om út te waaien, kinst noch efkes yn 'e byb oanwippe en in boek liene. Mar dat ferfalt foar in grut part.
Lytse bybkes yn skoaltsjes. Dat wurdt in folle lytser assortiment en op folle minder tiden.
Hoe aardich is dit foar bygelyks de âlderein? It soasjale barren fan in byb (en dat is der oan 'e lêstafel echt), it útstapke om boeken te besjen, efterkanten te lêzen, werom te setten en in oaren te pakken, it is aanst foarby. Wat bliuwt oer: âlderein mei fia ynternet boeken útsykje en dy wurde dan brocht troch, jawis, frijwilligers. Hoe ûnnoazel moat it?
Mei ik in útstel dwaan: yn plakken dêr't bygelyks in âldereinhûs is, rjochtsje dêr in lytse byb yn. Dy skoallen yn 'e doarpen moatte ommers dochs ticht op ridlik koarte termyn? Doch it yn it fersoargingshûs. Mear âlderein kin dan boeken liene en de jeugd en oare minsken kinne dêr ek wol komme. Is noch gesellich ek!

2 opmerkingen:

  1. Martsje, dit is wol wat oan de drege kante te lêzen fanke. Kin dat tenei net wat oars, sadat it wat nofliker, dúdliker te lêzen is? Tankewol. Groetnissen fan Ids.

    BeantwoordenVerwijderen
  2. In monsterachtich goed plan, Martsje! Ik sil sjen of't ik dit op Facebook delsette kin, want dit moat al dield wurde fansels, sadat elk dy't yn dit ramt wat polityks te sizzen hat der wat oan dwaan kin. Tenei nei it fersoargingshûs foar de nocht en de wille, wa hie dat tocht...!

    BeantwoordenVerwijderen