donderdag 29 augustus 2013

Prachtige, prizige paprika

By in feestboekfreondinne seach in plaatsje fan in moaie, reade paprika. Eigen kweek, dat fansels wolle je dan it earste risseltaat mei in oar diele. It die my tinken oan myn blog, dat ik al moannen fertutearzje lit. Koe wol wer ris wat skriuwe, tocht ik. Want dy paprika makke wat by my los. In stikje argewaasje eins.
Sjoch, in paprika jildt yn 'e winkel al gau 50 sinten. Útsein by de Lidl trouwes, dêr hast der trije, allegearre in oare kleur, foar mei elkoar 79 sinten. Mar afijn. Ik kom gauris by de grutste grutter fan it lân yn Sint Anne, fandêr myn referinsjekader fan twa kwartsjes.
Albert-Om slacht altyd wakker op 'e tromme dat der produkten út eigen omkriten ferkocht wurde. Paprika's en tomaten komme dan út it kassegebiet hjir by Berltsum. No is it allinnich sa, dat yn dit domme lân it noch dommere folk sa bot bedoarn is, dat in paprika mei in skeinplak, of in bûtenwenstich model (justjes te lyts, te grut, te rûn) net yn 'e winkel kin. Allinnich perfeksje ferkeapet blykber en foar dy perfeksje binne tige krekte regels fêstlein yn it "sa-sjocht-de-perfekte-griente-derút-hânboek" foar kwekers en winkellju.
Jim riede it al: it is de kwekers hjir te Berltsum noch net slagge om 100% perfeksje te skoaren, dat sadwaande steane der geregeld in moaie nust paprika's en tomaten te wachtsjen op 'e kontener. Ta weismiten keard, om sa mar te sizzen.
Of Libbe moat del komme, dy smyt se moai handich yn syn kofferbak en makket der famylje en kunde bliid mei. My ek. Ik ha niiskrekt efkes ûnder it lid fan 'e friezer sjoen - feestboekfreonen witte dat dy fannewike sneu leech rekke is - en in lytse raming dien. Want Libbe hat west en dêrom leit der foar in euro as 15 paprika yn. De skeinplakjes en de bûtenwenstige modeltsjes sjochst yn 'e blokjes neat mear fan.

1 opmerking: