zondag 15 september 2013

Pimp your tsjerkhôf

Jo moatte al moai op in oare planeet sitten ha, as je net trochiene dat der de ôfrûne wike in gersmatte dellein is op it Aldehouster tsjerkhôf. It wie in "one off" sa, as se dat sa moai neame: in ienmalich projekt, om de top fan it Fryske keatsen stride te litten om de sulveren Aldhou, keningspriis fan LKC Sonnenborgh op de jierlikse ôfsluter fan it keatsseizoen. It fjild lei der moai by, sels it minne waar koe it fjild net ferniele. In stikje topwurk dus.
De seleksje fan Cambuur hat de gelegenheid ek noch efkes te baat nommen om oan de foet fan it Ljouwerter boechbyld in trening ôf te wikkeljen. Wie ek in lust. It kommintaar fan publyk en sporters: "Laat maar lêge, dat gras". En wêrom eins ek net?
Fansels, der hinget in priiskaartsje oan, mar hinget dat ek net oan dat keunstiisbaantsje dat winterdeis op it selde plak leit?
Wêrom net yn 'e simmermoannen dêr standert in gersfjild oanlizze, sadat der keatst, fuotballe, kuorballe en sa mear, wurde kin? In iepenloftspul hâlde (kin ek wol op stiennen, dat it wit ik wol), in potsje hockey, in taptoe. Moogliheden genôch en yn oanrin nei de Kulturele haadstêd 2018 ek in ynkopper, liket my. En oan de ein fan it seizoen, as de Aldhou ferkeatst is, dan in gersbaanrace der op.
Soe it net kinne? Fansels wol, mar men sil it wol net yn 'e kop ha, bin ik bang. Skande.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten