maandag 30 september 2013

Funerêr erfguod

In knoarre efterstallich wurk oan myn grêfpoëzij fuortwurke. Hearlik. No ha 'k de brot wer op oarder. Freegje my hieltyd faker ôf wat ik der mei dwaan sil. Ik ha no omtrint in fjirde part fan de doarpen yn Fryslân by del west. Rekkenje dus ek mar in fjirde part fan de hôven hant. Want guon plakken ha neat, oare plakken ha mear as ien en twa. No al in pear hûndert fan dy poëtyske útspattings garre en fan in hiel soad ha 'k ek noch foto's. Mar krijst ien sa gek om it út te jaan? Wol ik dat wol en wat helje ik my dan noch mear oan wurk op 'e hals? De grutte stêden en flekken moat ik noch by del. Op Harns nei.

Harns koste my allinnich al mear as sân oeren en der wie by 't soad, mar hast net te ûntsiferjen. Dy 't my ken, lykwols, dy wit dat ik alles út 'e kast helje om wol út te finen hokker boadskip de neibesteanden ús lêze litte woene. By guon boadskippen wurd ik dan ek noch triggere om út te finen wat it ferhaal efter de deade is. Ik fiel my suver wat in voyeur op sa 'n momint, mar bin dan net te stopjen.

Noch trijekwart fan alle hôven te gean. Ik moat der net oan tinke. Mar it is in ferslaving wurden. Ik moat troch. Oant ik se allegearre hant ha. En dan? Dan ha ik in kompjûter fol funerêr erfskip. Ek leuk.
Foar de leafhawwer, sil ik mar sizze.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten