donderdag 26 september 2013

Fyts kwyt? Skilje my!

Hjir by it boarterstúntsje stiet in fyts. Fannacht ek en fannemoarn noch. In moaie Batavus Weekend, griis-blauwe mânljusfyts. Acht fersnellings, kocht by Klaver yn Sint Jabik. Op 't slot. Licht skansearre , dat ding is dúdlik fallen, of wat dan ek, mar fierder liket de fyts noch suver nij. Hjir komme wolris heiten mei bern te boartsjen, mar dy binne nea op 'e fyts en seker net op in fyts sûnder sitsje. Koartom, dy fyts heart dêr net. En it soe my gjin nij dwaan as dy fyts wol earne oars heart te wêzen, mar dêr dus op ûnferklearbere wize wei rekke en yn Bitgum bedarre is. Dus doch ik myn boargerplicht en besykje yn kontakt te kommen mei de plysje fan Sint Anne, dêr 't wy ûnder falle, as Bitgumers.
It frommeske dat op 'e meldkeamer sit, ferstiet my net. Se begrypt net wat ik wol. Yn it Nederlânsk werhelje ik myn fraach om trochferbûn te wurden mei it buro fan Sint Anne. Wat in gelok dat ik as Fries beide rykstalen wól machtich bin.
It minske is net samar fan doel my troch te ferbinen: se wol witte wêrom 't ik harren tiid besykje te ferdwaan. Ik fertel fan de fyts en dat dy dêr net thúsheart. It frommeske begjint oer de gemeente en dat ik dy skilje moat as ik in 'gevonden voorwerp' ha. Ik lis it nochris út, want blykber ferstiet se net allinnich gjin Frysk, it begripen fan it Nederlânsk falt ek ôf. Dat ik sis opnij dat dy fyts mooglik as stellen opjûn is by de plysje en dat, mocht dat it gefal wêze, it karke hjir te finen is.
Oh. Se begjint it te begripen. Mar stiet dy fyts dan fertocht opsteld? Nee, hy stiet gewoan tsjin it stek. Dus hy leit net yn 'e boskjes of sa? Nee, hy stiet gewoan tsjin it stek. En stiet er ek op 't slot? Ja, hy stiet op 't slot. "Mevrouw, dan doet de politie er niks mee en de gemeente ook niet".
Oh. No begjin ik te twiveljen oan myn eigen taalbegryp. "Dus, mevrouw, als ik het goed begrijp kan ik rustig een fiets jatten voor permanent of tijdelijk gebruik, als ik hem daarna maar op slot zet, zodat ik hem op een later tijdstip op kan halen"?
It minske ûntploft hast, se fynt dat net in aardige suggestje fan my. Gelokkich hat se kommunikaasjetrening hant en blaft se: "Die conclusie trekt u nu wel, maar is absoluut niet juist".
Ik stap fan skrik wer oer op myn memmetaal. "Mar jim dogge der ek gjin kloaten mei". Hea, dat begrypt se fuort ynienen. "Mevrouw, inderdaad, een niet verdacht opgestelde fiets, die op slot staat, daar doen wij niets mee".
"De gemeente dus ek net"?
"Nee mevrouw, pas als er bij ons aangifte wordt gedaan van vermissing dan wel diefstal, maken wij er werk van".
"Mar dan witte jim dus net dat ik dat ding hjir al lang stean sjoen ha".
"Mevrouw, ik versta geen Fries, maar ik ga ervan uit dat u begrijpt dat wij niets voor u kunnen doen".
"Ik begrijp het volkomen, in dit geval hoeft u mij ook niet door te verbinden naar Sint Annaparochie. Ik zal de fiets weghalen en hem op marktplaats zetten, dankuwel".
En doe ha ik de tillefoan mar del lein.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten