maandag 18 november 2013

Moai fuort west

"Moai fuort west, jonges?", ha heit en mem faaks wol frege. Of heit as mem allinnich fansels, dat kin ek. En se kinne dat bêst frege ha, want botte let wie it net wurden. Justjes nei alven of sa, dat it soe sa mar kinne dat heit en/as mem noch by de wurken wie.
Of soene se soks net mear freegje tsjintwurdich? Freegje heiten en/as memmen soks net as de bern thús komme jûns, moai yn 'e oalje en faaks ek noch wat mear as dat? Kin ek wol hear, dat heiten en/as memmen der hielendal gjin noasje fan nimme dat it jongfolk thúskomt. Mar ik stel it my al sa foar, want by ús thús gong dat al sa, as wy fuort west hiene. "Moai fuort west?" En dan seiene wy fan "Ja", of "Giet wol". Want je lieten net it measte los, of der moast wol wat hiel spesjaals wêze.
Justerjûn kin dat dus ek bêst sa gien wêze yn ien as oare, fierder wol ridlik normale, Bitgumer húshâlding. Justjes nei alven. "Moai fuort west, jonges?" En it antwurd kaam wat heal slûch, want dy leave skat hie al noflik efkes sitten en dus al ien en oar op: "Giet wol juh, wie wol gesellich".
It kin ek samar wêze dat der noch in pypfol trochpraat is en dat it jongfolk noch seit dat se "fet lol hant ha". No, soks docht it âlderhert goed en tige ienriedich skowe se mei elkoar de trep op om 't it moarn wer moandei is. De bern wer nei skoalle en mei in bytsje gelok heit en/as mem nei it wurk.
De jonge strûpt ûnder 'e tekkens en jout him noflik del. Fet lollich, dy stekken ûnderweis. Wat hiene se ropt en raasd. Moai man...

Efkes foar de dúdlikheid: ûndersteand stek is myn túnstek. Der wiene mear stekken mold yn 'e buert. De helden waarden wei op 'e Schwarzenbergstrjitte. Se hiene fet lol hant, dat is wol dúdlik. Benijd oft se no ek komme om dit wer efkes te meitsjen. Ik ha noch wol in reservehikje te stean.


Geen opmerkingen:

Een reactie posten