dinsdag 26 november 2013

It plan fan Jet

It wie mar in hiel lyts berjochtsje yn it FD fan juster: Jet Bussemaker, ús minister fan ûnderwiis, kultuer en wittenskip, hie wer ris in geweldich plan. Studinten út it bûtenlân, dy 't hjir oan ien fan ús Hegeskoallen studeare, moatte stimulearre wurde om hjir ek te wurkjen. Dêrmei slane wy meardere miggen tagelyk, neffens Jetteketet, want sa helje wy net allinnich bûtenlânske toppers nei Nederlânske funksjes, dêrmei wurdt it ek nochris ekstra ynteressant om hjirhinne te studearen, as bûtenlanner.
Om dy studinten no sa fier te krijen, moatte se fergees Nederlânsk leare kinne en foaral ek breed ynfierd wurde yn 'e Nederlânske kultuer, sadat se harren hjir och sa thús fiele sille en hjir graach bliuwe wolle.
Dat is moai fan Jet. Al dy muoite om dizze toppers beet te hâlden foar ús lân, want ja, sels binne wy útsoarte de ûnnoazele kant neist, en faaks net by steat om in HBO-funksje te ferfullen.
Stap 2 is dan fansels gau nommen: bedriuwen krije subsydzje om dizze potinsjele managers oan wurk te helpen. Geweldich. Dat Nederlân dochs.
Kinst my wol rjochtút stekke.
Net dat ik dy lju harren wurk net gun hear, och hea, nee, mar it stekt my ferskuorrend.
Ferline wike wie der yn it nijs omtinken foar in lyts jonkje yn Utert. Hy is hjir berne en grutwurden. Sit hjir fansels op skoalle en op fuotbaljen en wit ik wat al net mear. Syn maat wie der ek by. Dat is in 'gewoane' Hollander. It jonkje skriemde dikke triennen want hy moast syn bêste maat kwyt. Wat is no it gefal? It jonkje mei hjir dan berne wêze, neffens ús treflike regear hat er gjin rjocht om hjir te wêzen en dus moat er werom nei it lân dêr 't syn mem wei komt. Net dat er dêr wat te sykjen hat hear, mar dat frekt fierder neat. Bern binne fleksibel juh, dy passe harren wol wer oan.
It jonkje is net in bûtengewoan fuotbaltalent, oars hiene der al lang rigen amtners foar syn doar stien om him te naturalisearjen ta Nederlanner. In útsûnderlik musikus is er ek net. En ek noch net âld genôch om nei it HBO of de universiteit. Skande. Hy wurdt sûnder pardon útset.
Nee, dan Jet mei har idee. Dat moatte wy mar omearmje.
Nederlân, it lân dêr 't jo fan herte wolkom binne as jo de steat genôch opsmite.
Alfêst in noflike kryst.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten