zondag 1 december 2013

Oerein!

Fan 'e wike lies ik yn 'e krante dat ús Frysk Nasjonale Partij it Hollânsk de frij hân jaan sil as it om ferkiezings giet. Dat wol safolle sizze as dat alle partijpropaganda tenei twatalich wêze sil. Sterker noch, men is suver benaud it Hollânsk te diskriminearjen, as men te folle Frysk brûkt. Dan kinne minsken dy 't útsoarte net Frysktalich binne it net lêze, seit men. En soks kostet stimmen.
In jiermannich lyn kaam ús Menameradielster ôfdieling 19 stimmen tekoart foar in tredde sit yn 'e ried. Aanst yn maart sil it wer heve, de striid om de macht wurdt wer oanbûn mei de oare partijen yn ús gemeente. Foar de lêste kear yn Menameradiel, want yn 2018 wurde ek wy hjir ta in ienheid makke mei oare gemeenten.
Om no der wis fan te wêzen dat dy lêste 19 stimmen der ek komme, wurdt de ferkiezingsstriid folslein twatalich oanbûn. Der wie my frege om in krante te meitsjen, sa as dat de lêste pear kearen wenst west hie yn ferkiezingstiid. In krante mei nijsgjirrige ferhalen oer en mei lju út ús gemeente. Net perfoarst FNP-lju, mar fansels al guon dy 't de partij wol wat tagedien wiene. In moai putsje wie dat altyd. En ek no soe it wer heve. Dat wol sizze, dat wie it doel. Mar fannewike ha se by elkoar west fan 'e ôfdieling Menameradiel. Konklúzje, dy krante komt der net. It moast foar op syn minst de helte yn it Hollânsk en dêr koe net elk him yn fine. Spitigernôch moast de Frysksinnige oanhing it yn mearderheid ôflizze tsjin de nije garde, dy 't de eigen taal blykber mei alle leafde fersmyt as dat jo in plak yn it plús opsmite kin. De FNP lit wer in fear.
De F en de N kinne der sa stadichoan wol útskrast wurde. Wy hâlde de P oer. Lykwols, ik bin in jier as wat lyn al lid ôf wurden, dat ik praat der net oer mei, fierder, mar ik ha der wol argewaasje fan.
In foech 40 jier lyn wie Reimer Wartena hjir ien fan 'e foaroanmannen fan ús partij. Ek doe wie der al soarch om it Frysk. It gong Wartena en noch in pear oaren lang net nei 't sin, de partij wie langer net Frysk genôch mear. Der soe in nije partij komme, mei de namme "Oerein!". Se ha it doe net rêden en fan 'e hjoeddeistige FNP-leden ferwachtsje ik soks ek net mear. Mar je soene der mislik fan wurde, sa as it no giet. Myn partij, dy 't altyd sa flak foar de eigen prinsipes stie, lit se farre sa gau as men plús rûkt. Sels de taal wurdt der foar oan 'e kant skood. Yn Bitgummole, yn 'e Molewjuk, hinget in tegel mei de spreuk: "wa 't syn memmetaal fersmyt, is syn djoerste eigen kwyt". No, sa. Oerein!

Geen opmerkingen:

Een reactie posten