maandag 2 december 2013

Fryske Marren

Der ha koartby ferkiezingswest yn 'e gemeente dy 't no de namme De Fryske Marren krijt.
De FNP, útsoarte yn dy hoeke altyd al knap fertsjintwurdige, kaam as grutste partij út 'e bus, it CDA kaam der efteroan.
Tagelyk mei dy ferkiezings wie der in referindum oer de namme fan de nije gemeente. Dy gemeente hie as wurktitel De Friese Meren meikrigen, mar by it referindum koe men mar kieze.
De útslach wie sawat samsam. 42,4% koe wol libje mei De Friese Meren. 41,6% hie leaver De Fryske Marren. Dat wie fansels geweldich nijs foar alle Frysk-haters, want wat koene se dy FNP no fijn in hak sette: "Een ruime meerderheid kiest voor het Nederlands", raasde de Ljouwerter. Jawis.
De FNP wie lykwols formateur en hie as hurde eask de Fryske namme en dy kaam der ek. It CDA gie troch de bocht en och, och, it is fansels net bêst. Hiele ynstjoerde stikken yn 'e Ljouwerter, oer dy rottige Friezen dy 't har sin trochdrukke. En oh ja, it soe ek nochris 400.000 euro kostje, dat smoarge Frysk.
Mei ik efkes de feiten dan wat nuanseare, sadat jo ek witte wêr 't je oer prate:

  1. Dy romme mearderheid foar it De Friese Meren is der net, dat wurdt jim sa foarspegele, omt 42,4 no ien kear mear is as 41,6. Wat blinder: dat is gjin 100% mei elkoar. Och hea, sjogge jim dat? Nee minsken, der wiene noch wat mear kiezers. In lytse 5% wie blanko, dat dy telden net mei. Bliuwt der 95% oer, dat noch altyd 11 prosint op 'e kletter. Dy 11 prosint makke in kar út "geen voorkeur"(3,5%) en Eigen Suggestie (8,3%). By dy eigen suggestje waarden Fryske nammen neamd, lykas Sudergoa en Marrenlân. Koartom, elk dy 't mient dat de meerderheid fan 'e minsken negeard wurdt mei it Frysk, dy sjocht it net helder.
  2. "Het Fries wordt doorgedrukt", raast immen. Nee dus, men hie it Hollânsk graach trochdrukke wollen, mar dat slagge net. As jo punt ien ris nei rekkenje, is 41,6% foar De Friese Meren en 54,4% net. Mei wat goeie wil kinst fan de 3,5% neutraal stimmers sizze dat se ek like goed foar De Friese Meren kieze kinnen hiene, dan wurdt it 45 om 50%, altyd noch yn it neidiel fan De Friese Meren. De mearderheid fan 'e befolking wurdt dus hielendal net negeard, sa as in briefskriuwer yn 'e LC ús fertelle wol.
  3. "Er wordt ruim 400.000 gemakzuchtig over de balk gesmeten". Wer sa 'n leagen út Hollânsktalige hoeke. Leave minsken: de nije gemeente moast in nije namme ha. In nije namme kostet jild. Blykber 400.000 euro. Dat hie it ek koste as it de Hollânske namme bleaun wie. Guon lju wiene nochal wat foar de muzyk út, dy gongen der fanút dat de wurktitel ek de definitive namme wurde soe en dus hie men al ien en oar oan ark mei de namme "Friese Meren" oanrukke litten. Dat is dom. Jo stjoere dochs ek gjin bertekaartsje fan in lytse Nynke, as it berntsje noch berne wurde moat en dus ek likegoed in Tjebbe wêze kin? 
  4. Ynternasjonaal wurkjende bedriuwen soene neidiel ha fan de Nederlânske namme. Jim miene dus searieus dat se jo frachtwein yn Spanje fuortendaliks teplak bringe kinne as der Friese Meren op stiet,  en gjin Fryske Marren? Ûnsin. Witte jim sels ek. Elk lân syn taal. Wy dus ek. Der is noch nea in Nederlanner stroffele oer Bartlehiem. Wylst dat plak ivich syn Fryske namme hâlden hat. Lullich, no?
Ik soe graach sjen dat de kranten, en bynammen de LC hat der in hantsje fan de sitewaasje wat iensidich te beljochtsjen, de boel ris goed del setten. Se lústerje nei in razende politikus fan in ferliezende partij, rûke in skandaal en batse der fuort op yn. Dêrmei sette se lêzers op 'e ferkearde foet. It is dochs gjin propagandakrantsje?


9 opmerkingen:

  1. Hie fuortdaliks as wurktitel Fryske Marren keazen, Hienen jo al dat gesoademiter net hân. Logysk dat in Fryske gemeente in Fryske namme kriget, punt út. Gjin diskusje mooglik. No hawwe dy 'yn eigen nêstskiters ' de bek wer yn 't wiidst iepen.

    BeantwoordenVerwijderen
    Reacties
    1. Ek noch, se hiene fansels hope dat se de Nederlânske wurktitel op dizze wize wol trochdrukke koene, ommers; dêr wiene de minsken oan wend, dus dan soene se dêr ek wol foar kieze. Dêrom doarden se dat refererindum ek wol oan. En no 't bliken docht dat mear as de helte NET foar De Friese Meren kiest (úteinlik binne blanko stemmen ek net "foar"), no skowe se it yn 'e skuon fan dy rare FNP-ers, yn 'e wittenskip dat dy har libben lang op alle krewearjen foar it Frysk ôfrekkene wurde sille.

      Verwijderen
  2. En vergeet niet dat het grootste deel van de inwoners al in een Friesnamige gemeente woonde. Daarom begrijp ik de ondernemers ook niet die zonodig een Hollandse naam moeten hebben. Is het Friese van de gemeentenaam ooit een probleem geweest. Nee, het lijkt erop dat een minderheid zijn zin wil doordrammen om van de Friese een Hollandse naam te maken. Laten we daarom het "fan bugjen frjemd" in dat geval waarmaken...

    BeantwoordenVerwijderen
  3. Ik fyn it knap kuort troch de bocht om te stellen dat immen die een Hollanske namme hawwe wol een Fryslanhater is! Ek bin ik it net iens mei it ''kreatieve boekhalden'' wat as to hjirre de minsken foar halst. It swart-wiete is gewoan dat ''De Friese Meren'' mear stimmen hat kriigen dan de Fryske variant. Net mear of minder. En wat fjirder de kosten oangean, do wist ek wol dat die de fjouwer ton fier te boppe gean! Ik soe tenminste net graech de rest bypasse wolle.

    Groetnis, Margje Hoomans

    Ik haw earder op FB ''Ik bin een Jouster....'' skriuwn dat ien dit hiele mead allinich ferliezers binne. Want wurdt it ''De Friese Meren'' dan is der ien of oare ambtner die syn/har sin kriget en hie die hiele fraech by de ferkiezings net stelt hoege (ek jildfergriemery), wurdt it ''De Fryske Marren'' dan giet de politiek foarby an de mearderhied fan de BEWUSTE stimmer die foar ''De Friese Meren'' keas

    BeantwoordenVerwijderen
  4. Myn namme hie der under stean moatten. Gie efkes wat ferkeard.

    Margje

    BeantwoordenVerwijderen
  5. Snap niks van dit hele stuk. Kan het ook in het Nederlands?

    BeantwoordenVerwijderen
  6. Dat der net ien better fan wzurdt, dat is in ding dat wis is. Hie men wis wêze wolle fan it Hollânske Friese Meren, om mar yn it midden te litten oft dat echt better is, dan hie men destiids net in wurktitel kieze moatten, mar fuort oanjaan moatten dat dit it wie en bliuwe soe. Dat hat men net dien, men hat, yn it fertrouwen dat dizze namme bekend wie en dus de foarkar krije soe fan de kiezer, in referindum útskreaun. De útslach dêrfan wie net sadanich dat men der net omhinne koe. Yn ús lân is in referindum ek net binend, mar rie-jouwend, mar dat 'terzijde'. Mei de útslach fan de ferkiezings (FNP as grutste) en dy fan it referindum (heal om heal sawat, mei in lytse mearderheid fan in Fryske namme), koe it net oars as de Fryske fariant soe der komme. Bedriuwen en ynstellings binne net tûk west: sy hawwe har yn it foar yn 'e kosten stutsen foar "Friese Meren", wylst it noch lang net wis wie dat sa bliuwe soe. Wy ha destiids yn Menameradiel, ik wie doe riedslid, ek in dergelike kwestje hant. Dy kosten foelen in slach ta, der koe kreatyf mei guon saken omsprongen wurde: bygelyks oant de tiid ta dat kom- en grinsbuorden feroare wurde moasten, in stikker mei de nije namme der oer plakke. Sa hoegden buorden net foartidich ferfongen te wurden. Ik neam mar in lyts foarbyld.

    BeantwoordenVerwijderen
  7. Wat in gedonder om neat, as de befolking no wol dat it 'Fryske Marren' wurdt, meitsje der dan ek 'Fryske Marren' fan, kostet neat mear as minder, wy wenje yn Fryslân, prate Frysk, skriuwe Frysk, tinke Frysk.. dus....??, mar it is al wer in stap to fier, dat gearfoegje is ek al tsjin it hier fan 'e boarger yn strike, Dat wie yn Súd-West- Fryslân al net oars!

    BeantwoordenVerwijderen
  8. De 4 ton die in Frysktalige namme kostet binne ekstra kosten omdat De Friese Meren al by wet de feststelde namme is. Argument 3 kin dus fan tafel.

    BeantwoordenVerwijderen