zondag 16 februari 2014

"In wâld ûnder de kont moasten sokken ha"

Justerjûn Valentijnskonsert yn de Lawei yn Drachten.
De kenner wit it: brassband De Bazuin fan Oentsjerk en ek altyd in twatal solisten fan grutte namme soargje dan foar in poerbêste jûn fuort. Foar it konsert fan juster hienen se by De Bazuin ek wer in pear knappe nammen strikt: Melissa Venema op trompet en jazzsjonger Ruben Hein. Dat mokkeltsje fan Venema is noch mar 18, mar hat al fiif solocd's op har namme, soleart by grutte orkesten oer de hiele wrâld, bynammen ek by Rieu en sa, skriuwt har management.
No sjoch. Dêr kinne jo mei oankomme. Dan kinne jo wol wat. En foar it neist sil dat ek wol sa wêze, mar justerjûn ha wy dat as publyk net fernommen. It famke soe de Slavische Fantasie spylje. Foar de minsken dy 't doel ha oer (brassband)muzyk is dat bekende kost, foar de minsken dy 't gjin idee ha: dat is alderaardichst mopke foar in solist mei in knappe band der efter. Obligaat, sizze de measten, mar nettemin, it hapt noflik fuort op sa 'n konsert en om 't de solist no en dan tige hurd moat, is it ek al gau spektakulêr.
Spitich, mar it famke fan Venema bakte der neat fan. Se koe it stik technysk út noch yn net behappe, helle de hege noaten amper, hie nul kontakt mei de band, lit stean mei de dirigent en rekke it publyk dan ek net. Letter krige se noch in nije kâns yn in prachtige tango, mar ek dat foel ek ôf. Ik ha net in tel it idee hant dat se it moai fûn dat se op it poadium stie. En ik wie net de ienige, hearde ik yn it skoft. Hie it famke de stikken ûnderskatten? Wie it minachting foar in provinsjale brassband, al hoe goed ek, fan in soliste dy 't wend is pampere te wurden troch grutte orkesten? Soe kinne, want elk koe oan har spyljen wol hearre dat se oars wol wat kinne moat. Mar nei ôfrin efkes de band bedanke? Nee, wie der net by. "In wâld ûnder 'e kont moatte sokken ha. Yn 'e grûn bedoarn!" Dat wie it kommentaar fan ien fan de 700 besikers.
Hoe oars wie it mei de jazzsjonger Ruben Hein. Wat hie dy jonge in wille en wat wie er optein dat er mei sa 'n pracht fan in brassband op it poadium stean mocht yn in folle Lawei. Dat is praat. Dit mantsje smakke de wille, sa soe de foarsitter fan ús brassband wol sizze. In feest om nei te lústerjen en dat de Bazuin dan yn it entûsiasme him wolris wat fan 'e sokken spile, och, dat is hielendal net slim.
Prachtband, sei Hein. Prachtband, fûnen myn selskip en ik. Swiere en minder swiere stikken foar it skoft en neitiid in swingende bigband fan sa-ha-jo-net. Se ha dan de lêste jierren gjin kampioen west, mar se jouwe skitterende konserten en dat fyn ik eins sa moai wol. Ik bedoel: 27 jier Valentijnsconcert en dat no al jierren yn in ôfladen Lawei, hokker korps docht soks? Dat mokkeltsje hie hjir har noaske der net foar oplûke moatten, mar krekt as dy sjonger der fol ynbrûze moatten. Muzyk is wille. Sjoch.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten