donderdag 6 maart 2014

Sven wie der net

Juster wie it wer tiid foar it Frysk Sportgala, de jierlikse ferkiezingsjûn op it Hearrenfean foar de bêste, meast oansprekkende sporters fan Fryslân.
It like in prachtjûn te wurden, mei mar leafst 18.500 útbrochte stemmen. Dat wienen der al in goeie 8000 mear as ferline jier. De sportleafhawwers yn Fryslân sprekke har dus wol út, dat blykt.
Mar de sporters sels? Dy tille der net sa swier oan, blykber.
Sven Kramer waard sportman fan it jier. Wie him noch nea slagge, de priis gong ivich en altyd nei Epke. Mar Sven wie der neat, want dy wurdt hjoed by de noas nommen. Ik bedoel, oan 'e noas holpen.
Ireen Wüst wûn by de froulju. Se krige de foarkar boppe Maron Kamminga en Antoinette de Jong. Ireen Wüst wie der net. Moast seker noch bekomme fan it karnaval. Dy oare beide froulju wienen der ek net. Toon Gerbrands koe syn tuten dus foar de frou bewarje.
Frysk Sporter waard skûtsjeskipper Douwe Visser, fan Snits. Taeke Triemstra wie foar neat ôfreizge nei it Fean. Visser wie der net, dy belle efkes fanôf de Iselmar.
Alyda Norbruis wûn by de sporters mei in beheining. Oer de tillefoan liet se witte dat se wiis wie mei de priis, mar se wie der efkes net by.
Wienen der dan ek guon dy 't der ál wiene? Ja hear. Cambuur wie fertsjintwurdige. Sy waarden sportploech fan it jier. Cambuur wint eins noait wat, dat dizze kâns lieten se har net ûntnimme. En terjochte.
Douwe Amels wie der ek. Dy kin hiel heech springe. Hy waard keazen ta talint fan it jier 2013.
En Richard Schuil. Dy krige de oeuvrepriis. Ik soe sizze, dy oare prizen mar útrikke oan sporters dy 't wol de muoite nimme om te kommen.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten