Posts tonen met het label Frjentsjer. Alle posts tonen
Posts tonen met het label Frjentsjer. Alle posts tonen

woensdag 30 juli 2014

Einepikefel - nochris

Trije jier lyn skreau ik ûndersteande kollum foar de webside fan de knkb. Ik bin net in minske fan helden en ferearing, mar doe 't Hy werom kaam, feroare dat. Doe hie ik it einepikefel tsjûk op 'e earms. Hjoed wer. Ik sit thús en byt my gatten yn 'e hûd foar de radio. Aanst nei Ljouwert. Efkes wat oars oan 'e kop. Mar yn 'e efterholle mar ien ding: baarn, Cornelis, brûs, bûts en slaan ta!

Einepikefel (skreaun 9 maaie 2011)

Guon dagen moast in minske harsels opsplitse kinne. De iene helte by de baas op it bedriuw, de oare helte by it keatsen. Ik wurkje ien wykein yn’e moanne en dit wykein wie ik wer yn’e prizen. Meastentiids lis ik dêr net wekker fan. Ik kin dan net nei it keatsen, mar och, mei dy yntreeprizen fan tsjintwurdich bliuw ik wol gauris thús. Twa kear yn it wykein in euro as tsien deltelle en der binne wer 20 euro’s op stap. En dan ha’k noch net iens kofje hant. Mar affijn, snein dus net, want ik moast wurkje.
Ik miende ek net dat der folle te rêden wie: haadklasse yn Frjentsjer, de earste frije formaasje fan dit jier, mar meastentiids gjin grut spektakel, dat ik hie alhiel gjin hertsear. Mar dat wie sneintemoarn om acht oere. It wie mar justjes twa oeren letter, dat ik dêr al hiel oars oer tocht. Ik krige in sms-ke: “ferskil moat der bliuwe, mar dit ferskil is wol hiel grut. Achteruit, achteruit, achteruit”. Kriptysk, ik jou it ta, mar by my giene alle alarmbellen fuortynienen ôf. Bliksem, hjoed keatst Er wer. Foar it earst op in wedstryd sûnt septimber 2006. Dy iene, jonge, Kening Keatser (mei grutte letters). Dy iene, dy’t, nei’t ik destiids miende, De Brand nei de kroan stekke koe. Hy stie der wer. Yn Menaam, by de senioaren frije formaasje. Kelderdivysje foar ien mei syn prizekast, topnivo foar ien mei syn eftergrûn. Hy keatste. En ik wie oan it wurk.
Ik wist wol dat er meidwaan soe, mar ik ferwachte der net folle fan. Ek al wist ik, dat er allinnich meidwaan soe, as er goed genôch wie om te winnen. Mar dochs, sa’n rare blessuere en dan wer keatse? Nee, ik hie der net folle fidúsje yn.
Mar dêr wie dat sms-ke. “Achteruit!” Dat iene wurd dindere fan myn tillefoanskermke ôf. Net folle letter wer in berjochtsje: “tsjinstanner skelt: dit is net normaal, dy smearlap is noch gewoan haadklasser.”
 It iene sms-ke nei it oare komt binnen. Ik lês hoe’t hy de iene nei de oare bal oer de boppe reaget. Ik lês hoe’t hy mei syn maten de earste omloop wint. Dan lês ik dat er yn’e twadde omloop ek noch opslaan sil. Dát berjocht lês ik twa kear. Ópslaan? De peut sil nei ien omloop dochs wol op wêze? Hy hat ommers omtrint fiif jier stil stien? It einepikefel strûpt my oan’e skouders ta. Ik flok súntsjes, mar fei ek temûk by de eagen lâns. Hjir hie ik by wêze wollen. Ik hie dit sjen wollen, belibje wollen. Wér in berjocht: no slacht er foar bêst op. En wer in pear partijen mei mar ien tsjinearst ôfraffele. Wilens flean ik grammitich mei de taksi troch Harns. Wurkje op dizze histoaryske dei, hoe bestiet it.
Ein fan’e middei in lêste berjocht: “kinst dy deljaan hear, hy stiet yn’e krânse.”
Ik ha it net sjoen, allinnich mar lêzen op myn mobyltsje. Der wiene mar in hantsjefol minsken. Wisten se wat der geande wie, of meitsje ik de mythe yn myn holle folle grutter as dat er ea wêze kin?

Ik jou my del. Sil wol moatte, ik kin der dochs net mear hinne, soe sels noch te let komme foar de priisútrikking. Mar och, it wie ommers mar senioaren frije formaasje? Yn wêzen stelt it gjin hout foar, dochs? Mar hy, dy iene, âld Kening Keatser, wie der by. Hy woe witte, wêr’t er stie. No wit er it. Hy kin it noch en hy is noch gjin tritich. Cornelis Terpstra. Soe er….?

vrijdag 8 maart 2013

Smyt dy bybs mar ticht...

In soad bibleteken moatte ticht. Dat lies ik krekt op 'e webside fan de Omrop.
In soad, dat binne der njoggentjin yn de regio Noardwest Fryslân. Dan prate jo oer de gemeenten Harns, Frjentsjerteradiel, Menameradiel, Ljouwerteradiel, It Bilt, Skylge en Flylân. Dat is in hiele lape grûn. En op dy lape wiene oant no ta de bibleteekfoarsjennings hiel aardich. Al wie der in pear jier lyn alris in bêste hap dien út it tal bybs.
No ha de gemeenten in ûndersyk dwaan litten (wat kostje al dy ûndersiken in slompe jild, mar dêr prate wy mar net oer) nei de mooglikheden om ris goed te besunigjen. Dat hâldt yn, dat yn 'e takomst allinnich Harns, Frjentsjer en Sint Anne noch in byb ha. Stiens bygelyks, kin der nei fluitsje. Ik freegje my ôf wat Sint Anne foar hat op Stiens, mar dat leit faaks oan my sels. Ek Dronryp rekket syn byb kwyt. En sa binne der noch santjin plakken, dy 't it yn 'e takomst dwaan moatte mei in lyts bybke yn in skoalle. Fansels moat alles rund wurde troch frijwilligers, want sa wurket it yn dit lân. Jo kinne as frijwilliger rûnom oan 'e bak en sa de maatskippij in knoarre jild besparje.
Mar affijn. Noch minder bibleteken dus. En dat wylst it neffens my just wol aardich goed giet: as ik yn Stiens yn 'e byb kom, en dat is omtrint alle wiken, dan is it der altyd frij drok. Alderein, bern, allochtoan en autochtoan troch elkoar. Boeken binne djoer en wy wolle elk graach oan it lêzen ha. No, dan moat der wat te lêzen bean wurde foar in skaplike priis. Dat kin, want foar de priis fan noch gjin twa nije boeken, bist in jier lid fan 'e bibleteek. Kinst yn Noardwest Fryslân mei ien lidmaatskipskaart yn alle bybs fan 'e regio liene en werom bringe. Ideaal. Sels ast efkes op it eilân bist om út te waaien, kinst noch efkes yn 'e byb oanwippe en in boek liene. Mar dat ferfalt foar in grut part.
Lytse bybkes yn skoaltsjes. Dat wurdt in folle lytser assortiment en op folle minder tiden.
Hoe aardich is dit foar bygelyks de âlderein? It soasjale barren fan in byb (en dat is der oan 'e lêstafel echt), it útstapke om boeken te besjen, efterkanten te lêzen, werom te setten en in oaren te pakken, it is aanst foarby. Wat bliuwt oer: âlderein mei fia ynternet boeken útsykje en dy wurde dan brocht troch, jawis, frijwilligers. Hoe ûnnoazel moat it?
Mei ik in útstel dwaan: yn plakken dêr't bygelyks in âldereinhûs is, rjochtsje dêr in lytse byb yn. Dy skoallen yn 'e doarpen moatte ommers dochs ticht op ridlik koarte termyn? Doch it yn it fersoargingshûs. Mear âlderein kin dan boeken liene en de jeugd en oare minsken kinne dêr ek wol komme. Is noch gesellich ek!